1.000 Fryske vmbo’ers en harren dosinten wienen moandei 21 novimber de VIP’s yn it lanlike taal- en lêsprojekt ‘Stap op de Rode Loper!’. By de kulturele ynstellings yn Ljouwert binne rom 120 aktiviteiten programmearre: teaterfoarstellingen, workshops en gesprekken mei populêre auteurs.

Dit jier bestege ‘Stap op de Rode Loper!’ ekstra omtinken oan de Fryske taal en kultuer. Tialda Hoogeveen – okkerdeis útroppen ta Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân – gie mei learlingen yn petear oer har boek Wurden fan Timo. Auteur Hilda Talsma joech lêzings yn it Frysk en der wienen workshops fan singer/songwriter Bruno Rummler. Marten Winters naam de learlingen mei yn in workshop oer de Fryske taal yn de iepenbiere romte. Tryater liet learlingen boartsje mei de Fryske taal. De musea fersoargen ynspirearjende workshops midden yn de kolleksje.

De Nederlânske taal kaam likegoed oan bod. Learlingen moeten young adult auteurs lykas Chinouk Thijssen, Margje Woodrow, Cis Meijer en Gideon Samson (syn boek Zwarte zwanen is troch Geart Tigchelaar yn it Frysk oersetten). Rappers en Spoken Word artysten út it hiele lân fersoargen ynteraktive workshops.

Wêrom ‘Stap op de Rode Loper!’
De Underwiisynspeksje kaam koartlyn mei de ferûntrêstende konklúzje dat 25% fan alle 15 – jierrigen in lêsefterstân hat. Vmbo’ers – hast 50% fan alle learlingen yn it fuortset ûnderwiis – driigje hielendal bûten de boat te fallen. De koronakrisis hat se boppedat swier troffen. Is it slim dat jongeren net lêze? Ja! Want mei lêzen ûntwikkelje je feardichheden dy ‘t ûnmisber binne om folweardich oan de maatskippij diel te nimmen. By vmbo’ers wurdt thús faak net lêzen. ‘Stap op de Rode Loper!’ lit learlingen op in ynspirearjende dei yn ‘e kunde komme mei letteren, lêzen en (Fryske) taal. Alle aktiviteiten wienen programmearre yn kulturele ynstellings, de learlingen komme dêrmei ek yn ‘e kunde mei in foar harren faak ûnbekende kulturele wrâld.

Lokaasjes
Stadsschouwburg de Harmonie, Fries Museum, Fries Verzetsmuseum, Slieker Film, Neushoorn, Natuurmuseum Fryslân, dbieb Leeuwarden, Tresoar, Keramiekmuseum Princessehof, Afûk, Tryater & Meeuw JTS.