De Nationale Boekenweek 2024 hat as tema ‘By ús yn de famylje’ en fynt plak fan sneon 16 oant en mei snein 24 maart. De famylje Chabot skriuwt it boekewikegeskink, mei as titel: Gezinsverpakking.
Krekt as oare jierren ferskynt yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân ek wer in Frysktalige edysje fan it Boekewikegeskink. Ytsje Steen tekenet foar de Fryske oersetting. Yn de Boekewike krijst it boekewikegeskink – yn it Nederlânsk óf it Frysk – fergees by besteging fan € 15,- of mear oan boeken.
Sjoch foar mear ynfo ek op boekenweek.nl of boekenfanfryslan.frl