Ferskate organisaasjes yn it literêre fjild organisearje ynternasjonale útwikselingsprogramma’s foar skriuwers. Wy koördinearje en fasilitearje dy inisjativen en bringe skriuwers yn kontakt mei lokale skriuwers, kennis, erfgoed en ynwenners.
Tagelyk organisearje wy nije inisjativen en wurkje wy gear mei de residinsjeprogramma’s fan it Nederlands Letterenfonds en de kollega-Cities of Literature. De residinsjes binne ek nijsgjirrich foar oersetters: sy wurkje nau gear mei bûtenlânske skriuwers dy’t yn Fryslân residearje en sy kinne ek sels nei it bûtenlân.
Wa hawwe der de ôfrûne jierren yn Ljouwert op residinsje west?
2022: Guim Valls (Spanje)
2023: Carolina Pihelgas (Estlân)
2023: Juhani Karila (Finlân)
2024: Rasha Khayat (Dútslân)
2024: Eduard Olesti Muñoz (Spanje)
2025: Pia Prezelj (Slovenië)
2025: Patrícia Soley-Beltran (Spanje)
Hokker skriuwers út Fryslân hawwe de ôfrûne jierren yn it bûtenlân op residinsje west?
2022: Anne-Goaitske Breteler (Spanje)
2024: Albertina Soepboer (Spanje)
Ek op residinsje?
Sjoch foar aktuele oproppen de nijspagina en kies foar de knop ‘residinsjes’.