Bûsdoeken mei it fers Bining fan skriuwster Baukje Wytsma (1946-2022) binne te sjen yn de útstalling Threads fan Manchester UNESCO City of Literature.

Tekstyl en triedden binne djip ferweve yn ‘e skiednis fan Manchester. De stêd en de omlizzende stêden waarden lange tiid sjoen as ‘Cottonopolis’, fanwegen de enoarme bydrage oan de katoenyndustry.

Yn de útstalling binne ûnder oare meartalige teksten en tekstyl út UNESCO Cities of Literature Odessa, Reykjavik, Granada, Ljouwert, Wroclaw, Melbourne, Exeter, Nottingham en Manchester sels te sjen.

Ut Ljouwert/Fryslân binne bûsdoeken mei it gedicht Bining fan Baukje Wytsma opnommen yn de útstalling. De bûsdoeken waarden by de Tall Ship Races yn 2018 yn Harns brûkt om nei de skippen te wuiven. Ljouwert/Fryslân wie yn dat jier Kulturele Haadstêd fan Europa. De bûsdoeken binne makke foar Lân fan Taal, ûnderdiel fan LF2018 en de oanlieding foar Ljouwert om de oanfraach te dwaan dy’t laat hat ta it wurden fan UNESCO City of Literature.

De útstalling falt gear mei Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris, de dei dy’t troch UNESCO oanwiisd is om it belang fan memmetalen te fieren om ienheid yn diversiteit en ynternasjonaal begryp te befoarderjen.

Tall Ship Races Harns 2018, besikers brûke de bûsdoek tsjin de sinne. Foto: Jovanna Landman
Baukje Wytsma, foto: Linus Harms