Ynternasjonaal programma - Leeuwarden City of Literature

Ferskate organisaasjes yn it literêre fjild organisearje ynternasjonale útwikselingsprogramma’s foar skriuwers. Wy koördinearje en fasilitearje dy inisjativen en bringe skriuwers yn kontakt mei lokale keunstners, kennisbanken, erfgoed en befolking.

Tagelyk organisearje wy nije inisjativen en wurkje wy gear mei de residinsjeprogramma’s fan it Nederlands Letterenfonds en de kollega-Cities of Literature. De residinsjes binne ek nijsgjirrich foar oersetters: sy wurkje nau gear mei bûtenlânske skriuwers dy’t yn Fryslân residearje en sy kinne ek sels nei it bûtenlân.

Aktuele oproppen:
Prague UNESCO City of Literature creative two-month residency 2025 for foreign writers and translators (deadline 20 augustus 2024)