Dit wykein set op it Plaça del Llibre-boekfestival yn Valencia in nij Europeesk projekt foar literatuerpromoasje útein, yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân en Ljouwert UNESCO City of Literature. Doel is om yn ’e mande mei seis oare Europeeske partners ta strategyen te kommen om literatuer yn minderheidstalen en lytse talen yn Europa better foar it fuotljocht te krijen op de nasjonale en ynternasjonale merk, en dêrta in duorsum ynternasjonaal netwurk op te bouwen.
LIT-UP is rjochte op útjouwerijen, skriuwers en boekpromoasje-organisaasjes en stimulearret gearwurking, kennisútwikseling en profesjonalisearring. De oare partners yn it projekt binne organisaasjes út Kataloanië, Baskelân, Galisië, Servië, Slovenië en Korsika.
Tryntsje van der Steege is fanút Ljouwert City of Literature belutsen by LIT-UP: “Benammen de Basken en de Katalanen hawwe yn relatyf koarte tiid in grutte groei meimakke yn it tal skreaune literêre wurken yn harren taal en wat harren posysje op de ynternasjonale merk oanbelanget. Dêr kinne wy in soad fan leare. En meidat Ljouwert UNESCO City of Literature is, hawwe wy in unike posysje yn dit netwurk, dêr’t de oare partners ek harren foardiel mei dwaan kinne. Tegearre mei Boeken fan Fryslân bringe wy in soad ûnderfining mei op it mêd fan boek- en literatuerpromoasje, tink oan projekten lykas de Dichter fan Fryslân, de Berneboeke-ambassadeur, de Taalkaravaan en it ferhaleprojekt Uitgesteld Geluk.”
Op it festival yn Valencia wurde foar de dielnimmende partnerorganisaasjes workshops en trainingen op it mêd fan boekpromoasje en it opsetten fan in Europeesk netwurk organisearre. De partijen sykje inoar geregeld op om út te wikseljen wat literatuer yn lytse talen elkenien te bieden hat. De projektpartners nimme altyd in skriuwer en syn/har útjouwer mei om oan de gearkomsten mei te dwaan. By de earste moeting reizget skriuwster en takomstige berneboekambassadeur Tialda Hoogeveen út Fryslân mei. De projektpartners komme yn de hjerst fan 2023 nei Fryslân.
LIT-UP, dat rint o/m begjin 2025, falt ûnder it Creative Europe Programme en wurdt sadwaande stipe troch de Europeeske Uny.