Laura is werom fan in wike fakânsje en fernimt hoe bot se nei Kiko en Addie útsjoen hat. Yn har ôfwêzigens is Kiko oerpleatst nei faze trije: hy wurdt klearstoomd om frijlitten te wurden. ‘Ergens giet it my te hurd,’ skriuwt se. ‘Wêr bliuwt de tiid? Addie sit no allinnich. Earne fiel ik mei him mei. Soe er syn maatsje misse?’
Se bringt dizze wike in soad tiid troch mei simpelwei sjen. By Kiko, dy’t yntusken mei trije oare seehûnen yn ien bad sit, fernimt Laura wat opfallends: ‘Sadree’t ik in skoftke allinnich by se stean te sjen, komme se wer nei boppen swimmen. Mar sadree’t der oare minsken bykomme, dûke se ûnder wetter.’ Se test it trije kear, mei itselde resultaat. ‘Fiele se oan dat ik gjin kwea yn ’t sin ha? Of rûke se myn hormoanen, kenne se miskien myn silhûet werom? Wat faker ik hjir kom, mei wat mear fragen ik fuortgean.’
Foar’t se by Kiko fuortrint, bliuwt se noch efkes stilstean by de jongste seehûnen yn faze ien. ‘Wat binne se lyts fergelike mei Kiko en Addie,’ skriuwt se. Ien fan harren hat in wûne op syn fin. ‘Ik soe him oppakke wolle, yn myn earms widzje en flústerje wolle dat it allegear goed komt.’
By Addie, dy’t se no ek út namme fan Anja besiket, falt har wat oars op. ‘Hy docht my tinken oan in optimistyske kollega fan my. Altyd fleurich, de kalmte sels yn tiden fan stress.’ Se sjocht him in pear kear achter elkoar op de râne fan it bad klimmen. Dan leit er dêr eefkes en glidet der dan wer ôf, ‘as stelt er him syn eigen glydbaan foar.’ Wannear’t se letter sjocht dat er mei syn snút dy fan de seehûn oan de oare kant fan de skiedingswand oanrekket, freget se har ôf: ‘Soe hy Kiko dan dochs misse? Kin in solitêr bist oait iensum wêze?’
Oan ’e ein fan har besite, trochweakke troch de rein op wei nei de auto, oerfalt har in gefoel fan iensumens. Thús krûpt se ekstra lang mei har eigen hûnen. Yn in mail oan de groep beskriuwt se letter hoe’t dat har bybleaun is: ‘Wylst ik begûn mei it observearjen fan de seehûnen, fernim ik dat it proses my ek mysels observearje lit. Fragen oer bining, werkenning en iensumens lykje hinne en wer te bewegen tusken harren en my.’

Anja, tydlik yn Berlyn en dus op ôfstân fan Addie, blykt krekt dêr it measte te skriuwen. ‘Myn skriuwen is it meast aktyf yn ôfwêzigens,’ notearret se. Se sammelet kleuren en silhûetten: se kocht seis nije inkten, foaral grien en blau, mei sulver foar Addie syn buik. Se wurket oan lijntekeningen ynspirearre op Laura har beskriuwingen fan de boartlikens fan Addies, en lit witte dat minsken thús konstant nei Addie freegje: ‘Se belje, appe, sammelje foto’s – benammen de bern binne o sa benijd hoe’t it mei dy giet.’
Underwilens waacht ek it oankommende frijlitten fan Kiko al mei. ‘Myn gedachten geane ek út nei Kiko en it idee dat er frijlitten wurdt,’ skriuwt Anja út Berlyn wei, dy’t Laura alfêst in ôfskiedsgroet meijout foar as it safier is.
