Op snein 16 oktober lieten dichter Guim Valls út Katalonië en skriuwster Anne-Goaitske Breteler út Fryslân yn de Kapel fan dbieb it wurk dat se tegearre makken foar festival Explore the North heare.

It wie tagelyk de ôfsluting fan de residinsje fan Guim yn Ljouwert. Hy hat in moanne yn de stêd west om te wurkjen oan nij materiaal, wêrûnder it wurk dat hy mei Anne-Goaitske makke hat.

Yn maaie 2022 wie Anne-Goaitske te gast yn Barcelona op it ynternasjonale Poesia Festival. Dit útwikselingsprojekt is in gearwurking tusken Explore the North, Barcelona City of Literature en Ljouwert City of Literature.

It binne twa folslein ferskillende skriuwers: dichter Guim syn trefwurden binne urban, hip-hop en direkte taal. Anne-Goaitske makket proaza en ferdjippet har yn lokale skiednis en sosjology. Dochs diele se ek in protte, lykas harren belangstelling foar mytology en leginden en de fassinaasje foar harren taal – it Katalaansk en it Frysk.

Dochs hawwe se inoar fûn yn in mienskiplik tema foar it wurk dat sy op Explore the North presintearren: de dea. Beide makken fjouwer fersen oer de lokale tradysjes dy’t by harren thús by de dea en útfeart heare.

Foto’s: Denise Amber