Ljubljana, haadstêd fan Slovenië en sûnt 2015 UNESCO City of Literature, biedt twa residinsjes foar skriuwers oan.
De skriuwers kinne elk in moanne wenje en wurkje yn it Švicarija/Swisshouse Creative Centre, ûnderdiel fan it International Centre of Graphic Arts. It Creative Centre leit yn it stedspark.
De residinsjes kinne plakfine:
- fan 1 o/m 31 maart 2024
- fan 1 o/m 30 novimber 2024
Reagearje kin oant 10 jannewaris 2024.