City of Literature Tartu yn Estlân biedt in residinsjeperioade fan twa moanne oan yn april en maaie 2024. De oprop is iepen foar skriuwers en oersetters fan Estlânske literatuer oer de hiele wrâld. Der wurdt ien kandidaat selektearre. De deadline foar oanmelding is 20 febrewaris. De útslach wurdt uterlik 4 maart bekend makke.
Tartu is de twadde stêd fan Estlân, mar wurdt sjoen as de yntellektuele haadstêd fan Estlân – fan krúsjaal belang foar de ûntwikkeling fan it ûnderwiissysteem, de kultuer, de wittenskip en de literatuer yn ’e Estlânske taal. Yn 2015 waard Tartu útroppen ta UNESCO City of Literature, wêrtroch’t it libbene literêre fjild fierder fersterke waard.
Yn 2024 is Tartu de Kulturele Haadstêd fan Europa. Under de titel The Arts of Survival biedt it programma eveneminten en aktiviteiten dy ‘t sawol lokaal as ynternasjonaal publyk lûke.
Mear ynformaasje: