Alle jierren nûget Ljouwert UNESCO City of Literature skriuwers út it bûtenlân út foar in residinsje yn de stêd, en gean skriuwers út Fryslân op residinsje nei oare stêden. Fan 26 maaie oant en mei 30 juny wennet en wurket skriuwster Rasha Khayat út Hamburg yn Ljouwert.

Rasha Khayat (1978, Dortmund, Dútslân) groeide op yn Jeddah, Saûdy-Arabië. Mei in Saûdyske heit en in Dútske mem libbe se al fan jonge leeftiid ôf tusken ferskate lannen, kultueren en talen. Yn 1988 ferhuze se mei har hiele famylje nei Dútslân. Dêr makke Rasha har skoaltiid ôf, wêrnei’t se Dútske literatuer, ferlykjende literatuerwittenskippen en filosofy studearre oan de Universiteit fan Bonn.

Rasha skreau yn 2022 it ferhaal Oom Ahmads fauteuil voor Utsteld gelok, it ferhaleprojekt fan Leeuwarden UNESCO City of Literature tidens Arcadia 2022. Suzanne van Zwam lies it ferhaal op 5 augustus foar yn de tún fan de Rixtpleats yn Terbant. It ferhaal is hjir noch te lêzen en te beharkjen. Oom Ahmads fauteuil is ek opnaam yn de blomlêzing mei 32 fan de 100 ferhalen út Utsteld gelok.

Lêze, skriuwe en ûndersykje – bygelyks wat erfgoed, langstme, earne thús fiele en de krêft fan taal krekt ynhâlde – hawwe altyd in wichtich part fan har deistich libben west. Dêrom gie se nei har stúdzje oan it wurk as redakteur en oersetter, en publisearre se har earste stikken. Nei’t se healwei de jierren 2000 in skoft yn it Midden Easten omreizge, begûn se oan har earste roman. Dat boek waard yn 2016 útjûn as Weil wir längst woanders sind (Omdat we allang earne oars binne). Har debút waard tige goed ûntfongen en is yn meardere talen oerset. It boek ferkent wat ‘komôf’ of ‘erfgoed’ betsjutte kin foar in yndividu, troch it ferhaal te fertellen fan broer en suster Basil en Layla dy’t, nettsjinsteande in dielde famyljeskiednis, ferskate wegen kieze yn harren libben en ferskate wizen om mei har langstme (earne thús te hearren) om te gean.

Rasha’s nije roman Ich komme nicht zurück (Ik kom net werom) komt yn augustus 2024 út en ûndersiket hokker konneksje der eins mooglik is tusken freonen as sy ferskillende eftergrûnen hawwe. It boek giet oer fertriet en iensumens en de ierdferskowing dy’t 9/11 ynhâlde foar in soad moslimbern yn Dútslân.

Neist skriuwer is Rasha ek oersetter en wurket se as dosint kreatyf skriuwen foar sawol universiteiten as middelbere skoallen. Sûnt 2022 host se de feministyske literatuer-podcast Fempire – About women who write / über Frauen, dy ‘t skreiben.

Rasha sjocht der bot nei út om yn Ljouwert yn kontakt te kommen mei it lokale literêre en kulturele fjild, om te learen oer de literatuer yn Fryslân, en om ynspiraasje te finen en op ideeën te kommen foar in nije roman. Wolst mei har yn kontakt komme? Mail Tryntsje van der Steege, projektlieder by Ljouwert UNESCO City of Literature: Tryntsje@leeuwardencityofliterature.nl.

Earder wienen skriuwers Carolina Pihelgas út Estlân en Guim Valls út Katalonië te gast yn Ljouwert. Besjoch ek de aktuele iepensteande oproppen foar residinsjes yn it bûtenlân.

Foto: Anika Büssemeier