Ljouwert UNESCO City of Literature hjit dizze maitiid skriuwster, oersetter en redakteur Carolina Pihelgas fan Tartu UNESCO City of Literature, Estlân, wolkom as writer-in-residence yn Ljouwert. Wy wolle de 85 skriuwers út 21 Cities of Literature dy’t fan oer de hiele wrâld op de oprop reagearre hawwe betankje foar harren belangstelling foar de residinsje.

Oer Carolina

Carolina Pihelgas is in Estske skriuwster, oersetter en redakteur. Se hat sân dichtbondels publisearre, meast resint har selektearre gedichten mei de titel “Tuul polnud enam kellegi vastu” (“De wyn wie net mear op elkenien tsjin”) yn 2020. Har poëzij is konsintrearre, metafoarysk en giet faak oer tema’s as it ûnthâld, nostalgy foar ferlerne wrâlden en mytology. Yn 2022 publisearre se har earste roman “Vaadates ööd” (“Sjoch nei de nacht”), dy’t loovjende kritiken krige.

Har poëzij-oersettingen omfetsje Constantine Cavafy, Sappho, Pablo Neruda, Tor Ulven, Ilya Kaminsky en in protte oaren, en yn 2020 krige se de August Sang-priis foar har oersettingen fan poëzy. Har eigen poëzij is oerset yn mear as fyftjin talen en har wurk is opnommen yn blomlêzingen yn Estlân en yn it bûtenlân. Yn 2020 wie se stedsdichter fan Tartu.

Wat sil Carolina yn Ljouwert dwaan?

Carolina: “I am very glad to spend four weeks in Leeuwarden, writing and translating. Mainly I will continue working on my new poetry collection, which will focus on themes such as body and dissociation, memory and trauma, nature and stillness. In addition to writing, I also translate poetry, and I am very interested in getting to know Dutch, but especially Frisian poetry better. And if possible, maybe with the help of local poet(s), attempt some translations. There would be a possibility to publish the translations in Estonia, in literary journal Looming, where I work as an editor. The only Frisian poet we’ve published so far in Looming, is Nyk de Vries, but I’m sure there are more wonderful poets to meet either on the page, or in person.”

Tartu Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2024

Tryntsje van der Steege, projektlieder by Ljouwert UNESCO City of Literature: “Wy wiene bliid ferrast troch it oerweldigjende tal reaksjes fan safolle tige entûsjaste, kreative skriuwers fan alle kontininten. Mei Carolina helje wy in ambisjeuze en breed oriïntearre skriuwster nei Ljouwert, dy’t wy graach yn ‘e kunde komme litte mei har Nederlânske en Fryske kollega’s. Faaks fertelle se oer harren ûnderfiningen yn 2018, doe’t Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa wie, want Tartu hat ​​dy titel takom jier, yn 2024.”

foto: Ruudu Rahumaru