De twajierlikse Rink van der Veldepriis giet yn 2026 nei Marga Claus foar har roman Libbe. It boek is foar in part basearre op it libben fan har heit. It giet û.o. oer de relaasje tusken âlden en bern. Yn it boek wurde tema’s as ferline en takomst behannele, krekt as kontrôle en loslitte.

It boek is op in meinimmende wize en werkenber skreaun sadat it noch in hiel skoft relevant bliuwe sil, neffens de sjuery besteande út Rixt van der Heide, Meindert Reitsma en Baukje Zijlstra.

Marga Claus (Ljouwert, 1955) debutearre yn 2000 mei de roman Oxzana, dit boek is noch tige aktueel. Se hat wurke as taaldosint by ROC Friesland College (no: Firda). Nei har pensjoen wurket Claus as zzp’er, Ek fersoarget se kursussen autobiografysk skriuwen by Tresoar.

De Rink van der Veldepriis is in twa jierlikse priis fan de gemeente Smallingerland en de Stifting FLMD. De priis – in byld fan Anne en Roelie Woudwijk en in jildbedrach fan € 2.000 – sil op 4 septimber útrikt wurde yn It Polderhûs op De Feanhoop.