Jongerein oant en mei 29 jier kinne wer meidwaan oan de Tony Feitsmapriis. Foar de edysje fan 2026 kinne jonge skriuwers oant 1 desimber in Frysktalich gedicht, ferhaal of essee ynstjoere mei it tema ferbining.
Nei in suksesfolle earste edysje yn 2025 is de Tony Feitsmapriis wer iepensteld. It tema foar 2026 waard bekendmakke op de Gjalp- en Tony Feitsmapriis-jûn yn it Literêr Kafee fan Tresoar ein septimber troch Tiemen de Boer, bestjoerslid fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings en winner fan de Tony Feitsma Debutantepriis yn 2025.
De trije bêste ynstjoeringen wurde elk bekroand mei 250 euro. Ek wurde trije Tony Feitsma Debutanteprizen fan elk 150 euro útrikt oan dielnimmers dy’t noch net earder publisearre hawwe. Alle winnende bydragen wurde publisearre yn Ensafh of de Moanne.
De winners krije boppedat persoanlike skriuwersbegelieding oanbean. De Skriuwersfakskoalle ûntwerpt foar harren in kursus dêr’t se ûnder lieding fan Sytse Jansma fjouwer middeis yn wurkje oan nije teksten dy’t geskikt binne foar publikaasje. Alle winners krije ek in fergees jierabonnemint op Ensafh en de Moanne. Alle ynstjoeringen krije úteinlik in plak yn de almenak fan de Federaasje.
Foto: Winners Tony Feitsmapriis 2025 Pieter Zijlstra, Tiemen de Boer, Hylke van Duuren en Marije van der Eems yn Tresoar op de Gjalp- en Tony Feitsmajûn. 📸: Marieke Balk
Fergeze workshop
As tarieding op de priisfraach, kinne jongerein har ynskriuwe foar in fergeze workshop ûnder lieding fan Hein Jaap Hilarides. De workshop wurdt op 11 novimber om 19.30 oere holden by FFJ Bernlef.
De prizen wurde op 28 desimber útrikt op it Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings yn Frjentsjer.
De Tony Feitsmapriis en de Tony Feitsma debutantepriis binne in mienskiplik inisjatyf fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings as haadorganisator, it Tony Feitsma Fûns, de tydskriften Ensafh en de Moanne en dichterskollektyf RIXT. De Tony Feitsmapriis 2026 wurdt mei mooglik makke troch finansjele stipe fan Tresoar en it Douwe Kalma Fûns.
Meidwaan
Ynstjoeren kin oant 1 desimber fia federaasje.frl/tonyfeitsmapriis. Oanmelde foar de fergeze workshop op 11 kin oant 9 novimber fia federaasje.frl/workshop.
Sjoch foar mear ynformaasje op Instagram: @tonyfeitsmapriis en op federaasje.frl/tonyfeitsmapriis/.
