By de twadde edysje fan literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse, fan 9 oant en mei 12 novimber op Skiermûntseach, rinst je ek skriuwers út Spanje, Baskelân, Slovenië, Servië of Italië tsjin it liif. Dat is in resultaat fan de gearwurking fan Meet Me at the Lighthouse mei Ljouwert UNESCO City of Literature.

Yn it projekt LIT UP wurket Ljouwert City of Literature gear mei seis Europeeske partners om literatuer yn minderheidstalen yn Europa better ûnder de oandacht te bringen. Dit jier komme de partners byinoar op Skiermûntseach. In part fan it profesjonele programma is iepen foar besikers fan it festival en bûtenlânske auteurs trede op.

Nei in suksesfolle earste edysje yn 2022 set de organisaasje fan Meet Me at the Lighthouse dit jier yn op in fjouwerdeisk festival. Adriaan van Dis, Eva Meijer, Myron Hamming en Mariken Heitman binne de earste nammen op it affysje.

Begjin juny wurdt it folseine programma bekend makke. Dan set ek de kaartferkeap útein, op de webside fan it festival. Wolst op ‘e hichte bliuwe, skriuw dy dan op harren website yn foar de nijsbrief.

Foto: Romy Dam