Yn ‘e maitiid fan 2023 biedt Ljouwert UNESCO City of Literature in residinsje oan. Skriuwers en oersetters kinne in moanne ûndersykje of wurkje oan in literêr projekt. Ek bringe wy dy graach yn ‘e kunde mei Nederlânske en Fryske kollega’s.

Foarstellen foar in residinsje kinne oant 20 febrewaris yntsjinne wurde by Ljouwert UNESCO City of Literature. As tsjinprestaasje wurdt fan de gastskriuwer op syn minst ien literêr optreden of (koarte) tekst ferwachte. De gastskriuwer krijt in ‘buddy’, in skriuwer/dichter út Ljouwert. Hy/sy is dyn earste oansprekpunt en makket dy bekend mei de stêd en de Fryske literêre en kulturele sektor.

Foar wa en wannear?

Dichters, skriuwers, biografen en literêre oersetters dy’t wenje of wurkje yn ien fan de UNESCO Cities of Literature kinne har oanmelde. Se moatte op syn minst ien literêre útjefte op har namme hawwe by in reguliere útjouwerij of op syn minst ien fan har teksten moat opfierd west hawwe. Wy ferwachtsje fan de kandidaten dat se in cv stjoere en útlizze wêrom’t en oan hokker literêr projekt se yn Ljouwert wurkje wolle. In brief mei oanrekommandaasje is opsjoneel.

De oanbeane ferbliuwsperioade is: 20 maart – 15 april 2023.

De gastskriuwer krijt in talage fan € 2.000,- en in fergoeding fan € 35,- deis foar deistige útjeften. De húsfesting wurdt betelle troch Ljouwert UNESCO City of Literature. Reiskosten binne de ferantwurdlikens fan de gastskriuwer.

Foarstellen fan skriuwers en oersetters moatte op syn lêtst 20 febrewaris binnen wêze. De seleksje wurdt makke troch it team fan Ljouwert UNESCO City of Literature, yn oerlis mei it team fan festival Explore the North. It beslút folget net letter as 27 febrewaris. Stjoer dyn foarstel per e-mail nei Ljouwert UNESCO City of Literature: info@leeuwardencityofliterature.nl. Ast fragen hast oer de residinsje kinst kontakt opnimme mei Tryntsje van der Steege, tryntsje@leeuwardencityofliterature.nl.

Húsfesting

Ferbliuwst yn in ynrjochte appartemint yn Ljouwert. It appartemint hat WiFi, in keuken en privee sanitêre foarsjennings.

Eftergrûnynformaasje

Fryslân is ien fan de tolve provinsjes yn Nederlân en stiet op it tredde plak op de Lonely Planet-list fan ferburgen pearels yn Europa. De provinsje yn it noarden fan Nederlân grinzet oan de Waadsee, in UNESCO-wrâlderfgoedplak. Fryslân wurdt karakterisearre troch in iepen wetterryk lânskip en in eigen offisjele taal dy’t neist it Nederlânsk sprutsen wurdt: it Frysk. Haadstêd Ljouwert is ien fan de âldste stêden fan Noard-Nederlân. Der wenje in protte (ynter)nasjonale studinten troch de oanwêzigens fan ferskate hegeskoallen, it is in noflike en kompakte stêd, mei in protte grêften, monuminten en kulturele ynstellings. Yn Ljouwert binne ferskate poadia, boekhannels, musea en in moderne biblioteek yn in âlde finzenis. Yn 2018 droech de stêd de titel Kulturele Haadstêd fan Europa. It programma wie rjochte op meartaligens. Ljouwert is ein 2019 útroppen ta UNESCO City of Literature. As organisaasje rjochtsje wy ús benammen op it befoarderjen fan lêzen, profesjonalisearring en ynternasjonalisearring.