Alle jierren nûget Leeuwarden UNESCO City of Literature skriuwers út it bûtenlân út foar in residinsje yn de stêd, ek geane skriuwers út Fryslân op residinsje nei oare stêden. Fan 26 april oant en mei 18 maaie wennet en wurket Pia Prezelj út Sloveenje yn Ljouwert.
Pia Prezelj (Sloveenje, 1995) is skriuwster, oersetster en sjoernaliste by Delo, de grutste krante fan Sloveenje. Yn 2022 krige se fan de Sloveenske sjoernalisteferiening de Watchdog Award foar jong sjoernalist fan it jier.
Har debútroman Težka voda (‘Swierrich wetter’, Goga 2023) giet oer it libben fan in âldere frou yn in ôflein doarpke op it plattelân, en wûn de priis foar bêste debút fan it jier. It boek stie ek op de shortlist foar de Cankarpriis, de Kresnikpriis foar bêste roman fan it jier en de Zeef-priis fan resinsinten. Težka voda wurdt op dit stuit oerset yn it Italjaansk, Deensk en Kroatysk.