Fan 24 oant en mei 26 novimber soarge festival Explore the North yn Ljouwert foar memorabele konserten, meislepende performances en literêre shows yn alle foarmen.

Ljouwert City of Literature wie derby mei mei-inoar lêze yn De Utrecht, boeken op resept yn de Stadskas (beide yn gearwurking mei de Kulturele Apoteek), in petear fan Kirsten van Santen mei de Finske skriuwer Juhani Karila yn de Waalske tsjerke en de teatrale einpresintaasje fan de masterclass Literêre performance (yn gearwurking mei Tryater en Explore the North) yn de kapel yn biedb. Yn festivalhert de Stadskas wie ús lêsmagazine LETTER te finen.

Yn de Stadskas, dy ‘t al sûnt 10 novimber op it Aldehoustertsjerkhôf stie, wie ek de fjirde edysje fan spoken word-poadium Hoge Woorden, in gearwurking fan Marrit Jellema, Explore the North en Ljouwert City of Literature.

Boeken op recept

mei de Culturele Apotheek


De ein set útein

literêre performance troch Ytje Hoekstra, Tialda Hoogeveen, Remco Kuiper, Eise Ivo Smit, Bauke Vermaas en Jetze de Vries, mei Tryater en Explore the North

Lês ek de weromblik op

foto’s: Gerben Duijster