“Dit ferhaal haw ik skreaun nei oanlieding fan myn ferbliuw as writer-in-residence yn Vil-la Joana yn Barcelona, part fan Cities of Literature. In fantastysk plak mei even fantastyske kollega’s (gracias chicas…). It wie in gaotyske tiid yn Barcelona, wat ik yn myn ferhaal ferwurke haw. Op tiisdei 31 july waard it foar it earst 40 graden yn de stêd, wat foar de ynwenners as in skok kaam en benei net te fernearen wie.”

“Op tongersdei 8 augustus ferskynde Puidgemont yn Barcelona, eardere presidient fan it Katalaansk regear en foarfjochter fan ûnôfhinklikheid fan Spanje. Nei sân jier ôfwêzigens yn België, omdat de Spaanske justysje him siket yn ferbân mei it referindum foar ûnôfhinklikens dat er yn 2017 yn Katalonië organisearre hie, dûkte er op by de parlemintsgebouwen en joech in speech. Hy ferdwûn ek samar wer nei’t er dy speech jûn hie. De Mossos d’Esquadra, de Katalaanske plysje, besocht him op te pakken, mei as gefolch lange files en helikopters boppe de stêd, mar dat slagge net. Uteinlik die bliken dat de Mossos d’Esquadra him sels holpen hie en dat Puidgemont al wer yn België wie. It joech in grutte opskuor yn Barcelona en dominearre wikenlang it nijs.” 

LYKRINNE

02.56

De klok hat der muoite mei krigen. Syn oerwurk himet, freget oan ien tried wei om oalje. De waarme nacht leit as in tekken om him hinne. It is 25 graden. De heuvels sliepe. De trein nei Barcelona komt en giet op’e tiid. Dy wol. It is de fraach oft hy dat as klok fannacht foarinoar krijt. Oer in pear minuten soe it safier wêze moatte. Hy harket. Nei de stilte om him hinne. Nei de tiid dy’t foarby is is, mar kloppet, kloppet as in hert yn himsels. Yn al syn oantinkens.

De dingen dy’t komme moatte, dat is lestiger. It is oft dy fuortgliidzje, hy en it oerwurk kinne it net byfytse. Se kinne it mar net ôfbeakenje en betsjutting jaan. Sa binne der fan ’e middei twa nije froulju oankaam. Hy seach se oankommen, hy sjocht ommers alles sa boppe op de heuvel. Se sjouden har koffers omheech fan it stasjon by de heuvel op en wiisden omraak nei him. Hy is âld, hy is it wend dat minsken nei him wize. De froulju ferdwûnen yn de filla dêr’t er by heart en dat foar in part in museum is. Hy hat de froulju net mear werom sjoen. Meastentiids komme minsken it oerwurk yn syn binnenste wol besjen. Miskien wie har te waarm.

Hy slacht trije kear.

04.32

Eulalia sit rjochtoerein yn bêd en docht de hannen oer de earen hinne. It lûd is net te fernearjen, sa fûl is it. Earst tinkt se dat se dreamd hat. Mar nei wat wetter op har gesicht en in blik yn ’e spegel wit se dat se wekker is. De klok, tinkt se, soe it dat bombastyske ding wêze kinne. Har mobyl jout de tiid oan. Se sjocht it. It is dy klok net. Se rint de gong yn. Yn de filla is it tsjuster, alle blinen binne tichtdien tsjin de waarmte. Dat hat net holpen. Oeral is it waarm, as oft Eulalia in keuken ynrint dêr’t de oven al skoften oanstiet. Op in muorre yn ’e hoeke dûnset in read ljocht. Even letter hat se it fûn: it alarm giet ôf boppe in grutte reade knop. Derop drukke wurket net. It alarm jout nergens om, it makket in heidensk kabaal.

Dan stiet Teresa neist har, sliepdronken.

‘Wat is dit?’

‘In alarm, wy moatte mar sa gau mooglik nei de portier ta,’ ropt se.

Se rinne de gong troch en klopje op ’e doar fan de portier. Hy docht net iepen.

‘Shit,’ seit Eulalia.

‘Brân, ynbrekkers?’ freget Teresa.

Eulalia tinkt oan it tsjuster, it ferdrûge bosk om de filla hinne, de grûn dy’t ta stof wurden is. 

‘Kom op, wy moatte sels mar sjen,’ ropt Teresa.

Se dogge de bûslampen oan op harren mobyl en rinne foarsichtich de treppen del. Neat nuvers te rûken of te sjen. Dan dogge se it rút iepen. Helsk kabaal, it alarm sit ek bûten. Se skine mei har bûslampen. Neat. Gjin smook. Gjin fertochte minsken. Hielendal neat.

It alarm hâldt mar net op. Se beslute de mossos op te beljen. Dy begripe it earst net.

‘Jo bedoele dat jo no midden yn ’e nacht yn in museum binne? Mei in alarm dat ôfgiet?’

‘Ja, dat kloppet.’

It bliuwt even stil.

‘Hawwe jo ek fjoer sjoen? Of in ynbrekker?’

‘Nee, mar it is donker en oeral om dit museum hinne sit bosk.Wy binne hjir noch mar krekt en hawwe dus gjin goed idee fan de omjouwing.’

‘Neat konkreets dus. Nee mefrou, dan komme wy net.’

Teresa suchtet as de mossos it kontakt ferbrekke.

05.47

Hy fynt it in ûntheisterjende nacht sa stadichoan. De muoite om himsels op ’e tiid hearre te litten, it kabaal fan it alarm en dy twa froulju dy’t him beskynden mei bûslampen. It is donker en hy is allinne mei de heuvels, de pynbeammen en syn oantinkens. It soe treast jaan moatte, mar dat docht it net. Hy makket him soargen. Al dy dingen dy’t mar gebeure, dy’t er net omfymje kin. Tiid hat in sin, tinkt er. Bygelyks datsto ferskil meitsje kinst tusken de dei en de nacht. 

06.22

Op it balkon fleane stekmiggen en motten om, oerbliuwsels fan de nacht. Eulalia en Teresa wachtsje oant it blau boppe de heuvels opkomt. Bûten is it einlik noflik. Se drinke in kop kofje tegearre. As de earste strielen fan de sinne oer de heuvel kypje, wol Teresa doch noch besykje om te sliepen en ferdwynt yn har keamer. Eulalia nimt de treppen nei ûnderen ta. Se wol graach yn de tún sjen no’t it noch sa hearlik koel is. De tún is útdrûge. Oeral stof en dôfgriene kleuren. Fetplanten yn potten. In grutte túnslang nei de pynbeammen ta. Se rint al rjochting dy pynbeammen as se wat skarreljen sjocht. It is in enoarm bist. It is in wylde baarch. As Eulalia noch in kear ferbjustere sjocht, rinne der ek twa lytse baarchjes om. De wylde baarch wol al op har tadrave as se stadich har omdraait en wer nei de doar fan it museum rint. Eulalia himet. Wylde bargen, dy sitte dochs yn bosken, freget se har ôf, fier by de minsken wei. Nee dus. Se hat it swit op ’e foarholle stean. En no moat de dei noch begjinne.

06.53

It wie benei mislearre. Hast hie er syn seis slaggen net meitsje kinnen. Twa manlju kamen de keamer fan de klok yn krekt foar seizen. Ien sette in ljedder by de muorre op en klom nei boppen ta. De man helle it brânalarm fan it plafond. Kapot fan de waarmte, lei er de portier út. Hy freget him ôf hoe lang as it duorje sil mei dy waarmte. De stiennen op syn toer binne al sa ferskuorrende hjit. It kin him net heuge dat it earder sa waarm wie. En no is it brânalarm dus stikken. O brân, ja, dy kin er him heuge. Lange flammen dwers troch de pynbeammen hinne. In woeste wyn dy’t linich oan in see fan flammen slikke. Hy moat net bang wurde no fan syn eigen oantinkens. It is hast tiid foar syn sân slaggen. De moarn moat ommers begjinne. Dat is syn taak.

07.15

Eulalia hat de laptop oankrigen. Se siket om wylde bargen. Dy binne in pleach yn dit natuerpark Collserola. Se botse mei de auto’s, se frette de jiskefetten leech, se drave oer de stoepen, se molestearje winkels. It liket wol in game dy’t op hol slein is. Se suchtet. Se is wurch. Der flitst ‘breaking’ oer har skerm hinne. Wat mei in politikus dy’t nei 7 jier wer werom is yn Barcelona. Eulalia set de laptop út. Se wol sliepe. 

07.43

It wie in heidensk karwei om op ’e tiid te slaan, allemachtich. No hoecht er even neat. De sinne is der krekt by, it is koel om him hinne en it museum is hjoed ticht. Minsken komme net yn dy waarmte nei in museum fan in ferstoarne in katalaanske dichter, al hoe spitich as er dat ek fynt. Hy as klok, de dichter, se binne part fan in oare tiid. Dy tiid, dy is oan it skuorren, oan it útinoar fallen. Lykas syn eigen toer. Se kinne him kwalik noch ûnderhâlde. Sa no en dan falt der in stik nei ûnderen ta. En no is it brânalarm stikken. Wa sil him warskôgje as er yn ’e fik fleant? 

10.05

Teresa stiet yn ’e doar.

‘He Eulalia. Der giet wer in bel, net in alarm hear. Mar ik snap net wat it is.’

Eulalia springt fan bêd ôf. Se rinne nei de gong dêr’t in bel giet. It is in doarbel mei in skermke derby. Teresa drukt op in knopke. In man ferskynt op it skermke. Hy hat in grut bosk brún hier. Hy himet.

‘Kinne jim de doar iependwaan?’

‘Hoe dat sa?’ freget Eulalia.

‘Ik haw in skûlplak nedich.’

‘Hawwe jo in ôfspraak hjir?’ freget Teresa.

‘En wat binne jo?’ seit Eulalia.

De man sjocht ferheard op it skermke.

‘Witte jim net wa’t ik bin dan?’

‘Nee,’ sizze se tagelyk.

‘Ik bin…,’ begjint er.

Achter de man ferskine earst in pear wylde bargenop ’e dyk en dan in hurdridende auto mei blau ljocht der achter oan. De man rekket yn panyk en ferdwynt ynienen fan it skermke.

‘No ja sis, in skûlplak foar dy wylde bargenseker,’ seit Teresa.

‘Wy moatte noch mar in kear oan de kofje,’ merkt Eulalia op.

14.04

It gie der mâl oan ta mei dy twa slaggen niis. Hy hat it gefoel dat er achter rint. Miskien is it mar in pear sekonden, mar dochs. Dat kin fansels net. Sa reitsje de dingen it paad bjuster. It oerwurk kin it net mear oan, dat fernimt er wol. Under him hat ien fan dy froulju de radio oanset. Hy krijt it der benaud fan. In einleaze stream fan berjochten oer in politikus yn Barcelona dy’t kaam mei in goed ferhaal oer de takomst fan it lân en doe wer samar ferdwûn. Hy begrypt der neat fan. It lân moat dochs bestjoerd wurde. Hy harket fierder en dan wurdt er hielendal kjel. Syn buorman waartoer Fabra ien heuvel fierderop hat in histoaryske temperatuer metten: 40 graden boppe nul. Hy falt benei flau, mar dat kin fansels net, tuorren falle net om.

15.38

Eulalia en Teresa sitte yn de keuken. Bûten is it te waarm om wat te dwaan. De doar hawwe se iepen set. 

‘Hoeren, domme hoeren.’

Tagelyk sjitte se oerein en drave nei it balkon. Under rint in man yn in swimbroek om. Hy skelt twa minsken út dy’t yn it skaad fan in beam sitte. 

‘O nee,’ seit Teresa.

De man yn ’e swimbroek raast troch. De minsken geane gau fuort, sykje in oar paad it park yn. Dan ferdwynt de man. Se heare him roppen tusken de beammen. 

‘Wy belje de mossos wer. Dit wurdt te gek,’ seit Eulalia.

Eulalia draait it nûmer en krijt fuortendaliks in frou oan de tillefoan.

‘Der rint in ferwyldere man troch it park hinne hjir. Hy raast en makket minsken bang.’

Se leit út wêr’t se binne.

‘Dat natuerpark, dat is dochs yn de buert fan Barcelona?’ freget de frou

‘Ja, hoe dat sa?’

‘Binne jo der wis fan dat dy man in swimbroek oan hat?’

‘Ja, de kleur wit ik net.’

‘Oke. Kinne jo syn hier beskriuwe?’

‘Syn hier? Lang, grys, wyld.’

‘Net brún?’

‘Nee. Wachtsje even. Der wie hjir hjoed wol in man mei brún hier. Hy belle oan. Wy witte net wa’t dat wie.’

‘Wat woe dy man?’

‘Hy socht om in skûlplak sei er.’

‘Wy komme deroan.’

De ferbining wurdt fuortendaliks ferbrutsen. 

Nei fiif minuten sirkelet der in helikopter boppe de filla. Even letter komme der woest fjouwer auto’s fan de mossos oanriden. Eulalia en Teresa steane op it balkon. 

De mossos ferdwine alle kanten op yn de bosk. In pear hawwe automatyske gewearen by har. 

‘Wa is dy man?’ freget Eulalia.

‘In gek, in moardner, in swartrider. Gjin flau idee,’ seit Teresa.

Nei in heal oere komme de mossos de bosk wer út draven. De helikopter is al fuort. Eulalia en Teresa helje in flesse wite wyn út de koelkast. It is tiid om ôf te kuoljen. Se sitte op it balkon. It is deastil wurden om har hinne. Se sitte der oant de sinne sakket en se einlik wer normaal sykhelje kinne.

20.18

Hy rint achter, hy is der no wis fan. It oerwurk kreaket, himet en stint. Hy tinkt dat er sa’n tsien sekonden kwyt is. De dingen dy’t op dit stuit gebeure hawwe gjin grins yn ’e tiid mear. Hy wit net langer hoe’t er dy dingen ûnthâlde moat. Syn oantinkens wurde slachrjemme, se glydzje no definityf alle kanten op. Hy sjocht hoe’t de wylde baarch mei har twa jongen de bosk yndraaft. Dy bisten hawwe him net nedich, dy hawwe fansels in heel oar besef fan de tiid. Dat begrypt er ek wol. Mar sivilisearre minsken moatte dochs ergens de werklikheid oan fêstknoopje kinne. Oarder is ommers de iennichste manier om groei mooglik te meitsjen. Hy suchtet. Yn ’e fierte dinderet de trein nei Barcelona troch de fallei hinne. Dy is op ’e tiid, hy net. De sinne is oan it weiwurden. De wyn is opstutsen. Hy tinkt oan rein, in hele protte rein. Mar foar no is er allinne mei de nacht dy’t der oankomt. Hy moat ôfkuolje. Hy rint net lyk mear. Hy is allinne mei de nacht dy’t der oankomt en de tiid dy’t fan him ôfglidet. 

Albertina Soepboer – augustus 2024 – Barcelona