Generatie X (’65-’80)
Winter is it, mar ik ha noch sjelei yn ’e kleur sa’t de blommen bloeiden,
it oranje dat nei ’t rôs útrûn, de giele skyl sa dûnzich sacht, as wie it fan
filt hast, dyn hûd no súntsjes âlder, watst optelle kinst, al ôfskreaun is
betink datst de grutste helte hân hast, mei ientsje yn ’e hân, wurden dy’t in
rûmte skiede kinne, beide kanten samar hielje ek, wolst net mear sûnder it
wûnder dat yn ‘e kelder koel bewarre leit, helder as it spegelstille fakuüm
wat silst sweeslaan dochs, ast de kweepar midstwa slachst, alles al wosken
hast, it fruchtfleis steryl is en sûkerskjin it glês no stiet, de flam sa fûl troch
it fjoer sjit, mei in swymke sitroen of gimber, stêfrym fan in soele simmer
wat bliuwt der oer as de pit út it hert fuortspat, it snoeimes yn it grien set is,
stiensellen bonkehurd op wurden wille stikkenrinne, flokke wolsto net, want
oars kinst it net winne, dysels bestowe silst, opnij yn tsjoen fan ’e seizoenen
sjochst de skym dêr by de stamme en witst dat der fan swiet it hiele is, flinter
yn it rôs fan roas, as der bledsjes risselje, tinzen oer loaisoer en pektine gean,
de fruchten yn ’e sinne skine, lytse ynsekten gûnzje sille, reader nei it bloed
dat wêr wolst hinne, ast it mei ynmoed sean hast en sean biste, it is de kweepar
dy’t dy weak makket, as grûnwetter sakket, woartels suver grutter as de krún,
no’t de beam yn dyn tún wer groeit, sjelei yn ‘e kleur fan in blom dy’t bloeit.
Remco Kuiper
Remco Kuiper (1971) is sinds 2004 actief als dichter. Gedichten van hem verschenen in Hjir, Farsk, De Moanne en Ensafh. Hij won in 2019 en 2023 een Rely Jorritsmapriis. In 2025 verscheen bij DeRyp zijn dichtbundel Grûnwetter. Remco maakt ook graag muziek, onder andere met het gezelschap Tsjinlûd. Hij spreekt ook teksten in, heeft meegedaan aan het programma Rûnom van Tryater en was deelnemer aan het project Sprekende stenen.