Tusken 7 maaie en 14 augustus 2022, alle dagen fan it 100 dagen duorjend kultureel programma Arcadia, brocht Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature in nij ferhaal op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân.
100 dagen, 100 ferhalen, 100 lokaasjes
De reade tried: de syktocht nei skientme yn en nei de pandemy. Wat jout ús moed, hokker siedsjes plantsje wy foar de takomst? Annelies Verbeke, Elke Geurts, Etgar Keret (Israël), Gerda Blees, Joke van Leeuwen, Koos Tiemersma, Marek Šindelka (Tsjechië), Nyk de Vries, Pilar Quintana (Kolombia), Thomas Verbogt en njoggentich oare auteurs skreaunen der allegearre in nij koart ferhaal oer.
Fyftjin profesjonele fertellers liezen dizze ferhalen foar. Yn de tún by de Friezen thús, op de folkstún, yn tunen fan staten en stinzen, yn pluk- en teetunen en op festivals. Yn it Frysk, yn it Nederlânsk of yn it Ingelsk.
Boarne fan ynspiraasje: it fjirtjinde-iuwske masterwurk fan de Italiaanske dichter en gelearde Boccaccio: de Decamerone. In samling fan hûndert ferhalen, yn tsien dagen ferteld troch tsien jonge minsken, op ‘e flecht foar de pest.
Lykas doe fertelden we inoar ek no ferhalen om de tiid troch te kommen, om inoar te fermeitsjen, om te reflektearjen op de ellinde. Mar ek – en benammen – om wer in bytsje skientme en gelok te finen.
Kredits
Fertellers: Anna Raadsveld, Ate de Jong, Brecht Wassenaar, Claudia Woolgar, Frank Belt, Jan Tiede Bouma, Janneke Brakels, Sjoerd Bottema, Sjoerd van Beem, Sjoukje Jager, Zen Roorda, Joeso Peters, Tet Rozendal, Nynke Heeg, Marjolein Ley, Suzanne van Zwam, audio: Linze Valk, kampanjefoto: Mirjan van der Meer
Konsept: Marleen Nagtegaal en Ernst Bruinsma, projektkoordinaasje: Tryntsje van der Steege, marketing: Berber van Oyen-Peenstra, publisteit: Grietje Deinum, projektmeiwurker: Sito Wijngaarden, frijwilligers: Nynke Duiker, Fokje van der Meij, Gertrud Palstra, Heleen Kerkhof, Pieteke de Boer, Ciska Noordmans, Epko Dalstra, Jannie Geertsma, Wytske Wassenaar, Eise Dobbinga, Hermien van der Meer
Foto: Mirjan van der Meer