Sprekende stenen is in literatuerprojekt oer iensumens, dat ûnderdiel is fan it programma Over de drempel fan de gemeente Ljouwert.
Hoe rûkt, klinkt en fielt iensumens? Sprekende stenen wol mei ferhalen iensumens sintúchlik en dêrtroch taastber meitsje. Fiif skriuwers binne yn petear west mei minsken dy’t om ferskillende oarsaken yn oanrekking kommen binne mei iensumens. Dat hat in tal ynnimmende ferhalen opsmiten. Dizze kinst beharkje yn it sintrum fan Ljouwert, tusken de minsken yn, want iensumens heart nammentlik by de minske, by minsk-wêzen.
Mei dyn mobile tillefoan ûntdekst fia in online plattegrûn wêr de ferhalen te finen binne. Sa kuierest in rûte tusken acht pratende stiennen (gevelstiennen) en in literêre moetingsbank. Troch de QR koade de scannen, litst se prate.
De dielnimmende auteurs binne: Remco Kuiper, Gemale Bofunda, Nicole van den Berg, Raymond Muller, Sytse Jansma. Keunstner Ineke van der Blom hat sawol de stiennen as de moetingsbank makke.
Yn 2025 kinst fia de Sprekende stiennen nije teksten hearre. Op tongersdeitejûn 24 oktober kamen fjouwer nije skriuwers yn gebou ‘De Utrecht’ by elkoar om ynspiraasje op te dwaan foar harren teksten. De skriuwers fan de nije edysje binne: Anne Goaitske Breteler, Gerard de Jong, Peter van Lier en Iris Dicke. In groep fan proaza -, poëzy en toanielskriuwers dy’t sawol yn it Frysk, Nederlânsk as it Biltsk skriuwe.
Yn de moanlikse útjeften fan strjitmagazine De Riepe wurde tusken jannewaris en simmer 2025 de ferhalen en gedichten dy’t yn de earste jierren fan Sprekende stenen fia de stiennen te hearren wiene publisearre.
Iensumens kinne we net oplosse, mar we kinne wol allegear yn ús omjouwing wat betsjutte foar in oar.
Wolsto dat ek? Lês dan hjir fierder.