Fan 28 septimber oant en mei 4 oktober is it de Week tegen eenzaamheid. Wistest datst sûnt ferline jier by acht Sprekende stenen en de literêre bank yn it sintrum fan Ljouwert nei ferhalen harkje kinst oer minsken dy’t it dreech fine oansluting te finen yn de mienskip?

Gean op ‘en paad en harkje nei de ferhalen dy’t skreaun binne troch Remco Kuiper, Gemale Bofunda, Nicole van den Berg, Raymond Muller en Sytse Jansma. De stiennen en de bank binne ûntwurpen en makke troch keunstner Ineke van der Blom.

foto: Natalia Balanina