20 jannewaris kamen foar de twadde kear fiif skriuwers by elkoar foar it projekt Sprekende Stenen. Dit projekt is ien fan de njoggen keunstprojekten fan it programma Over de drempel wêrmei’t de gemeente Ljouwert it probleem iensumens yn de stêd ûnder de oandacht bringe wol.

Inisjatyfnimmer fan Sprekende Stenen is Sytse Jansma. Njonken de dielnimmende skriuwers (Gemale Bofunda, Nicole van den Berg, Raymond Muller, Remco Kuiper) hie er ek saakkundigen ûtnûge om te fertellen oer wat iensumens foar ynfloed hân hat yn harren libben. Wannear bist eins iensum? Hoe slim is it eins? Hoe klinkt iensumens? Hoe werkenst it by de oar? Dizze fragen kamen û.o. oan bar doe’t de skriuwers letter 1-op-1 yn petear gongen mei de fertellers. Dúdlik is dat iensumens in hiel ferskaat fan oarsaken hawwe kin. It doel fan dit projekt is om úteinlik ta teksten, yn ferskillende literatuerfoarmen, te kommen, dy’t in hiel ferskate mienskip ferstjinwurdigje.

Tegearre mei Ljouwert City of Literature wurdt in moetingsbankje ûntwurpen. Dit bankje krijt in moai sintraal plak yn Ljouwert. Fan hjir út wurde besikers ferliede om op syk te gean nei njoggen stiennen dy’t ferspraat yn ‘e stêd lizze. By dizze stiennen binne de teksten te lêzen en te beharkjen.

Sprekende Stenen wurdt lykas alle oare Over de drempel-projekten presintearre tidens Arcadia yn 2022. Wy hâlde jim hjir op ‘e hichte.