Fan 29 septimber oant en mei 6 oktober is it de Week tegen Eenzaamheid. Yn it hiele lân wurde in protte aktiviteiten organisearre dêr’t minske inoar moetsje kinne en nije kontakten lizze kinne, bygelyks de kuier by de Sprekende stenen del yn it sintrum fan Ljouwert.

Sprekende stenen is in literatuerprojekt oer iensumens. Hoe rûkt, klinkt en fielt iensumens? Sprekende stenen wol de iensumens sintúchlik meitsje en mei ferhalen taastber meitsje. Fiif skriuwers hawwe yn petear west mei minsken dy’t om ferskate redenen yn iensum binne of west hawwe. Dat hat resultearre yn boeiende ferhalen. Dêr kinst yn it sintrum fan Ljouwert nei harkje, tusken de minsken, want iensumens heart by de minske, by it minsk-wêzen.

Brûk de mobiele telefoan en ûntdek op in online kaart wêr’t de ferhalen te finen binne. Kinst in rûte rinne by acht pratende stiennen en in moetingsbank del. Troch de QR-koade by de stiennen te scannen litst se prate.

Sprekende stenen is ûnderdiel fan it programma Over de drempel fan de gemeente Ljouwert en is ûntwikkele yn gearwurking mei Ljouwert UNESCO City of Literature. De dielnimmende skriuwers binne: Remco Kuiper, Gemale Bofunda, Nicole van den Berg, Raymond Muller en Sytse Jansma. Keunstner Ineke van der Blom makke sawol de stiennen as de moetingsbank.

It is net maklik om oer iensumens te praten. Fielsto de needsaak om der oer te praten, mar witst net mei wa? By de Luisterlijn is 24/7 immen beskikber dy’t harket. Sjoch op de Luisterlijn.nl of belje 088 0767 000.

foto: Natalia Balanina