It literatuerprojekt Sprekende stenen wurdt hast presintearre. Hjoed binne oan de gevels fan acht lokaasjes yn it sintrum fan Ljouwert de sprekkende stiennen befêstige. It binne bylden fan gesichten mei oan ‘e sydkant in QR-koade. Troch dizze te scannen, kinst de byhearrende ferhalen beharkje.

Dizze prachtige keunstwurken binne makke troch keunstner Ineke van der Blom. De ôfrûne moannen hat sy yn har wurkpleats yn Marrum wurke oan dizze kreaasjes. De earste 3d-sketsen waarden makke fan seeklei, út it Waad by haar yn ´e buert. Dêrnei folge in proses fan mallen meitsje, ôfjitte, drûgje en ôfwurkje. It binne úteinlik gesichten wurden mei allegear in unike útdrukking. En dêrmei ferbyldzje se ek it ferskaat fan ferhalen dat se drage. Kinst se fine by Tryater, dbieb, Smoel Kunstwerkplaats, Jongerenwurk Jimmy’s, RUG Campus Fryslân, Kunstruimte H47, boekhannel Van der Velde en Tresoar.