"Eltsenien docht der ta, yn Ljouwert" - Leeuwarden City of Literature

Iensumens kinne we net oplosse, mar we kinne wol allegear wat yn ús omjouwing betsjutte foar in oar.

It projekt Sprekende Stenen jout ferhalen oan de stêd Ljouwert en besiket dêrmei it tabû rûnom iensumens te ferbrekken. Trcoh minsken bewust te meitsjen fan it tema en de drompel te ferleegjen om deroer te praten.

Wolst mear ynformaasje oer iensumens of wolst der sels ek wat oan dwaan? Hjirûnder fynst in tal maatskiplike inisjativen dy’t dy miskien fierder helpe kinne. Dizze organisaasjes hawwe ek belutsen west by it ûntstien fan dit projekt.

Humanitas Ljouwert – Humaatjes projekt

Humaatjes krijt oanfragen binnen fan minsken dy’t graach in ‘maatje’ hawwe wolle. Sy keppelje dy oan in dielnimmer. Dizze fragen kinne komme fan minsken sels, fan belutsenen of in ynstânsje as Noorderbreedte, wykteams en Amaryllis. Humaantjes ûntjout nije foarmen om minsken yn kontakt te bringen mei elkoar rûnom it tema ferbining. Frijwilligers binne tige wolkom!

Mear ynformaasje.

Amaryllis jongerenwurk Jimmy’s

Jimmy’s is in talintebriedplak en as it nedich is in maklike stap nei help. Troch Jimmy’s krije jongeren in better netwurk, mear selsbetrouwen, gruttere selsrêdsumens en in gruttere kâns op wurk. Jimmy’as is foar alle jongeren tusken 12 en 27 jier.

Mear ynformaasje

Smoel Keunstwurkplak

Smoel is in keunstwurkplak en in wurkplak foar minsken mei in beheining. Smoel is in kreative, learsume en fetroude wurkplak wêr in soad ûnderfining opdien wurde kin. Sy organisearje gauris aktiviteiten en dogge mei oan eksposysjes en keunstrûtes.

Mear ynformaasje

NHLStenden – lektoraat ‘Sociale Kwaliteit’

It lektoraat ‘Sociale Kwaliteit’ leart, ûndersiket en wurket oan it fersterkjen fan sosjale kwaliteit foar yndividuën, groepen, wiken, buerten en stêden. Altyd mei de minsken om wa’t it giet en tegearre mei studinten, profesjonals yn soarch en wolwêzen, frijwilligers en beliedsmakkers.

Mear ynformaasje