Sprekende stenen is in literatuerprojekt oer iensumens, dat ûnderdiel is fan it programma Over de drempel fan de gemeente Ljouwert.

Hoe rûkt, klinkt en fielt iensumens? Sprekende stenen wol mei ferhalen iensumens sintúchlik en dêrtroch taastber meitsje. Fiif skriuwers binne yn petear west mei minsken dy’t om ferskillende oarsaken yn oanrekking kommen binne mei iensumens. Dat hat in tal ynnimmende ferhalen opsmiten. Dizze kinst beharkje yn it sintrum fan Ljouwert, tusken de minsken yn, want iensumens heart nammentlik by de minske, by minsk-wêzen.

Mei dyn mobile tillefoan ûntdekst fia in online plattegrûn wêr de ferhalen te finen binne. Sa kuierest in rûte tusken acht pratende stiennen (gevelstiennen) en in literêre moetingsbank. Troch de QR koade de scannen, litst se prate.

De dielnimmende auteurs binne: Remco Kuiper, Gemale Bofunda, Nicole van den Berg, Raymond Muller, Sytse Jansma. Keunstner Ineke van der Blom hat sawol de stiennen as de moetingsbank makke.

Yn 2025 kinst fia de Sprekende stiennen nije teksten hearre. Op tongersdeitejûn 24 oktober kamen fjouwer nije skriuwers yn gebou ‘De Utrecht’ by elkoar om ynspiraasje op te dwaan foar harren teksten. De skriuwers fan de nije edysje binne: Anne Goaitske Breteler, Gerard de Jong, Peter van Lier en Iris Dicke. In groep fan proaza -, poëzy en toanielskriuwers dy’t sawol yn it Frysk, Nederlânsk as it Biltsk skriuwe.

Yn de moanlikse útjeften fan strjitmagazine De Riepe wurde tusken jannewaris en simmer 2025 de ferhalen en gedichten dy’t yn de earste jierren fan Sprekende stenen fia de stiennen te hearren wiene publisearre.

Iensumens kinne we net oplosse, mar we kinne wol allegear yn ús omjouwing wat betsjutte foar in oar.
Wolsto dat ek? Lês dan hjir fierder.


Sprekende stenen is in gearwurking tusken Studio Sytse Jansma, Leeuwarden UNESCO City of Literature en Kunstwerkplaats Ineke van der Blom. Mei tank oan: gemeente LeeuwardenOver de Drempel,  ArcadiaHumanitas LjouwertNHL Stenden Hegeskoalle en provinsje Fryslân.

 
"Eltsenien docht der ta, yn Ljouwert"

Lokaasjes

Sprekkende stiennen

iensuminske
Dizze moetingsbank fynst op it gersfjildsje njonken de Grutte Tsjerke
Bij de Put 17, 8911 GE Leeuwarden, Nederland
Sprekkende stien

iensuminske
fan Sytse Jansma

Rohat
Dizze stien fynst links fan de yngang fan dbieb
Blokhuisplein 40, 8911 LJ Leeuwarden, Nederland
Sprekkende stien

Rohat
fan Gerard de Jong

Under de skeve toer
Dizze stien fynst oan de rjochterkant fan de yngang fan Tryater
Theatergezelschap Tryater, Oostersingel, Leeuwarden, Nederland
Sprekkende stien

Under de skeve toer
fan Anne Goaitske Breteler

Alissa
Dizze stien fynst rjochts by de yngang fan boekhannel Van der Velde
Nieuwestad 59, 8911 CJ Leeuwarden, Nederland
Sprekkende stien

Alissa
fan Gerard de Jong

Parmezaanske tsiis
Dizze stien fynst by de yngang fan Amaryllis jongerenwurk Jimmy’s
Jimmy's Leeuwarden, Nieuweburen, Leeuwarden, Nederland
Sprekkende stien

Parmezaanske tsiis
fan Iris Dicke

Stikelbaarch
Dizze stien fynst links fan de haadyngang fan Tresoar, by it bankje
Bagijnestraat 58A, 8911 DS Leeuwarden, Nederland
Sprekkende stien

Stikelbaarch
fan Anne Goaitske Breteler

Wa't ea wenne

Dizze stien fynst links by de yngang fan Kunstruimte H47

Haniasteeg 47, 8911 BX Leeuwarden, Nederland
Sprekkende stien

Wa't ea wenne
fan Peter van Lier

Jonge (mei beheining,

Dizze stien fynst oan de linker kant fan Smoel Kunstwerkplaats

Smoel Kunstwerkplaats, Nieuwe Oosterstraat, Leeuwarden, Nederland
Sprekkende stien

Jonge (mei beheining,
fan Peter van Lier

In Berlynsk hostel
Oan ´e wetterkant fan de Campus Fryslân, krekt om ´e hoeke fan de yngong
Beursplein 11, 8911 AN Leeuwarden, Nederland
Sprekkende stien

In Berlynsk hostel
fan Iris Dicke