Yn it Leeuwarden Visitor Center (yn Obe, Aldehoustertsjerkhôf) en op safolle mooglik lokaasjes fan Sprekende stenen kinst in folder mei plattegrûn ophelje. De tekst kinst hjir ek lêze. Foar de Nederlânske en Ingelske ferzje feroarest de taalkar fan de site. Wolsto in reaksje jaan of hast in moaie foto makke? Tag @sprekendestenlwd op Instagram of lit der in berjocht achter.

Wat is Sprekende stenen?

Soms sjochst immen dy’t best wol meidwaan wol, mar net wit hoe. Miskien kenst it sels wol. Wat dochst dan? Foar dit literatuerprojekt binne skriuwers yn petear west mei minsken dy’t troch ferskillende oarsaken yn oanrekking kommen binne mei iensumens. Dat hat in tal ynnimmende ferhalen en fersen opsmiten. Do fynst se yn de binnenstêd fan Ljouwert.

Acht fraai foarmjûn gesichten hingje oan de gevels fan ferskillende pannen. Oan de wjerskanten fynst in QR-koade. Troch dizze te scannen, litst se prate. Untdek mei de plattegrûn yn dizze folder wêr de stiennen te finen binne en kuierje sa in eigen rûte fan ferhaal nei ferhaal. Of gean nei de moetingsbank. Wa wit trefst dêr ek immen mei in ferhaal.

Wat is iensumens eins?

Wat is iensumens eins? Elk minske makket it wolris mei: in gefoel fan gemis. In situaasje wêryn’t je as minsk je ferhaal net mear diele kinne mei oaren of je net ferbûn fiele. Iensumens heart foar in part by it libben, mar fansels wol elk minske der ek ta dwaan. Je hawwe ferskate foarmen fan iensumens. Benammen sosjale iensumens is bekend. Dan hawwe je in tekoart oan betsjuttend kontakt mei oaren. Dêrneist is der ek emosjonele iensumheid, wêrby’t je in hechte bân mei ien misse. En eksistinsjele iensumheid, wêrby’t sinjouwing ûntbrekt yn dyn libben.

Krêft fan literatuer

De krêft fan literatuer is ûnder oaren datst efkes in oar libben liede kinst. Mei alle byhearrende tinzen, ferwachtings, dwalingen, emoasjes en dilemma’s. Ferhalen en gedichten konfrontearje ús mei it bestean sels, mei it minskwêzen. Hoe is dat: in frjemdling wêze, ien dy’t ferlies meimakke hat, ien dy’t net himsels wêze kin fanwegen syn seksuele aard? En hoe giest dermei om? Mei ferhalen en gedichten wol Sprekende stenen iensumens taastber en begryplik meitsje. Gean op’en paad en ûntdek literatuer dy’t dyn blik ferrommet en de wrâld – hooplik – in bytsje moaier makket!

Meartaligens

Meartaligens is de deistige werklikheid yn Ljouwert en Fryslân. Dêrom binne de ferhalen en gedichten yn ferskillende talen te beharkjen: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.

Oer it ûntstean

Sprekende stiennen is yn 2022 begûn as projekt fan it programma Over de drempel. Dit is de titel fan de oanpak tsjin iensumens yn de gemeente Ljouwert. Oer de drempel makket ek diel út fan de nasjonale oanpak Ien tsjin iensumens fan it ministearje fan VWS.

Ljouwert is sûnt 2019 UNESCO City of Literature en makket dêrmei diel út fan in wrâldwiid netwurk fan literatuerstêden. Mei dizze titel wolle Ljouwert en Fryslân ynvestearje yn in profesjoneel literêr klimaat, in ynternasjonaal netwurk en it sa tagonklik mooglik meitsje fan literatuer.

Keunst yn de iepenbiere romte

Neist de ferhalen en gedichten kinst ek nochris genietsje fan prachtige bylden. It projekt hat by de útrikking fan de Vredeman de Vriespriis foar foarmjouwing 2024 de LC-publykspriis wûn. Boppedat wie der foar dit projekt in earfolle fermelding fan de sjuery.
Sjuery Vredeman de Vriespriis: In projekt dat de iepenbiere romte op in subtile, mar trochtochte wize ferriket. Fan it begjin ôf is dúdlik dat it projekt stevich ferankere is yn syn omjouwing. Hoewol’t de foarmjouwing en de impact derfan op de omjouwing beskieden lykje, is der wat oan de ienfâld dat oandwaanet. Dit projekt wit yn syn beskiedenheid djippe ferbiningen te lizzen, sawol mei de omjouwing as mei de minsken dy’t de stiennen tsjinkomme.

Ineke van der Blom (ûntwerp / foarmjouwing) en Sytse Jansma (konsept / kurator) hawwe dit projekt yn opdracht fan Ljouwert UNESCO City of Literature ûntwikkele.

Leginda by de plattegrûn

  • Jongereinwurk Jimmy’s | Jimmy’s Ljouwert is in plak fan wolwêzensorganisaasje Amaryllis foar en troch jongerein. Jongeren kinne der fysyk en online terjochte mei al harren fragen en ideeën. By Jimmy’s kinne jongeren inoar moetsje, gearwurkje en útdage wurde harren talinten te ûntdekken en fierder te ûntwikkeljen.
  • Teäterselskip Tryater | Tryater is sûnt 1965 ít meartalige teaterselskip fan Fryslân en makket diel út fan de lanlike kulturele basisynfrastruktuer. Tryater spilet syn aktuele foarstellingen op skoallen en yn teäters, mar foaral op ûnferwachte plakken. Foar jong en âld, foar Frysk en net-Frysk. Altyd ticht op’e hûd fan it publyk.
  • Smoel Kunstwerkplaats | Smoel Kunstwerkplaats is in wurkplak foar minsken mei in beheining. Der wurde prachtige wurken makke op allerhande wizen. Ek organisearje se geregeld kreative aktiviteiten en dogge mei oan eksposysjes en keunstrûten. De wurken kinne by harren hierd of kocht wurde.
  • dbieb | Yn dizze eardere finzenis is no in moderne biblioteek fêstige. dbieb is it meast iepenbiere plak fan stêd en doarp dêr’t je sûnder drompel nei binnen rinne kinne. Om ynspiraasje op te dwaan, om te lêzen, te ûntdekken, te learen of om minsken te moetsjen.
  • Campus Fryslân | Dit prachtige gebou is in unike fakulteit fan Ryksuniversiteit Grins, dêr’t wittenskiplike fraachstikken op it mêd fan ekonomy en maatskippij multydissiplinêr benadere wurde troch (ynternasjonale) studinten, promovendy en renommearre ûndersikers. It is de missy fan de universiteit om lokale oplossingen foar mondiale útdagingen te finen.
  • De Haniahof | De Haniahof is in kultureel briedplak dêr’t ferskate keunstners, Grafisch Atelier Friesland en sûnt 2018 Kunstruimte H 47 yn fêstige binne. In plak dêr’t keunstners, sawol regionaal, nasjonaal as ynternasjonaal byinoar komme, inoar ynspirearje en eksposearje.
  • Boekhannel Van der Velde | Yn dizze boekhannel kinst nei hertinlust genietsje fan in breed assortimint oan nije en twaddehânsk boeken. Faak binne der ek optredens of signeersesjes by te wenjen. De winkel makket diel út fan in selsstannige keten fan goed sortearre boekhannels yn Noard-Nederlân.
  • Podium Explore | Yn dit prachtige pân (foarhinne de Westertsjerke) tsjoene keunstners in glimk op it gesicht by de fleurichste poëtyske feestjes. It is in kafee, in atelier en episintrum fan festival en produksjehûs Explore The North, mei alle freeds programma.
  • Literêre moetingsbank | Op dizze earste literêre bank fan Ljouwert, makke troch Ineke van der Blom, is it gedicht ‘ienzamens’ fan Sytse Jansma te lêzen. Binnen dizze rûte hat de bank boppedat in moetingsfunksje.

Ynteressearre yn noch in literêre kuierrûte? By de Poëzierûte kuierje je yn ‘e binnenstêd by prachtige tablo’s del mei gedichten fan lokaal en lanlik bekende dichters en skriuwers.