Portretten yn Poëzy - Leeuwarden City of Literature

Dichter Tsead Bruinja en muzikant Zea lutsen yn 2022 troch Fryslân om yn wensoarchynstellings ferhalen fan âldere Friezen op te tekenjen. In prachtich projekt dat wy oernommen hawwe fan de Stichting Dichter des Vaderlands.

Tsead Bruinja wie yn 2019 en 2020 Dichter des Vaderlands. Yn jannewaris 2019 joech er in workshop oan trije âlderen yn Dokkum. Hy prate mei se oer frijheid, it tema fan de Poëzijwike fan dat jier. Tsead Bruinja hat de libbensferhalen dokumintearre en yn in dichtfoarm getten, wat bysûndere portretten fan de dielnimmers opsmiten hat.

Yn 2020 wurke er it projekt út foar alve soarchynstellingen yn Fryslân en folle syn team oan mei muzikant Zea (Arnold de Boer), fotografe Rosa van Ederen en in groep (jonge) dichters. It waard in prachtich partisipaasjeprojekt mei poëzy yn in ferbinende rol. In projekt wêryn’t de talinten fan de bewenners oan bar kamen. Troch corona strâne it lykwols nei trije sesjes. Ljouwert City of Literature hat it projekt doe oernaam fan de Stichting Dichter des Vaderlands, sadat it dochs ôfmakke wurde koe.

Yn 2022 sochten Tsead, Zea, Rosa en kollega-dichters dochs noch de soarchynstellings op. Sy gienen wiidweidich mei bewenners yn petear en folgen it deiritme fan it hûs. Foar elke ynstelling keas it soarchpersoniel fjouwer dielnimmers út, dêr’t it artistike team mei wurke oan fjouwer persoanlike portretten. In selsportret troch de bewenners, omliste mei poëzy troch de dichters. It einresultaat waard hieltyd presintearre yn in feestlik programma.

Besjoch de fideo’s fan Tsead en Zea foar in yndruk fan Portretten yn Poëzy:

Mei stipe fan LIRA en it Prins Bernhard Cultuurfonds

 
Portretten De Flecke
Portretten Talma Hiem
Portretten Fidesta Stienzerhiem
Portretten Woonzorgcentrum Suderigge
Portretten Woonzorgcentrum Haersmahiem 
Portretten Mienskipssintrum Leppehiem
Portretten Zorgcentrum het Bildt