Portretten Talma Hiem - Leeuwarden City of Literature

Op 1 en 2 desimber wiene Tsead Bruinja, muzikant Zea en fotograaf Rosa van Ederen op besite yn Talma Hiem yn Balk mei gastdichter/keunstner Lies Van Gasse. Se makken persoanlike portretten mei en foar de hear De Vries en de froulju Posthuma-Wiersma, Van Loo-Faber en Pietersma.

Tsead: “Yn Talma Hiem te Balk waard ik net oankundige as âld-Dichter des Vaderlands, mar as âld-Vader fan Fryslân. Dat wie tefolle eare! Ik trof de hear De Vries, dy’t eartiids de grutske eigner wie fan de earste Fryske molktankauto en dy’t no graach bingo spilet. Arnold skreau ûnder oare in liet oer syn feardich ruiljen, net allinnich mei prizen yn ‘e bingo. Wy harken mei dichter Lies Van Gasse nei frou Van Loo dy’t it oer Taizé hie en seagen nei har skilderijen. Rosa gie op en paad mei frou Posthuma-Wiersma dy’t eartiids graach blikspuit die. Dat soarge foar tige boartlike foto’s! Faak tinke de bewenners dat harren libben net bysûnder genôch is. Frou Pietersma fûn harsels en har libben ek hast te gewoan. Ik wie it net mei har iens. Ik skreau oer de freonskip dy’t se al fiifentachtich jier mei Teatske hat en oer har houlik mei Wieger, dy’t betiid út it wurk rekke omdat er sûnder beskerming mei asbest wurkje moast. It wie in edysje dy’t gie oer de persoanlike ferhalen fan de âlderein yn Fryslân, oer leafde, lijen, wurk en boartsjen troch de jierren hinne.”

Harkje nei it liet ‘De wissels fan Jan de Vries’ dat Zea skreau en kompearre oer bewenner Jan de Vries:

Sjoch nei in seleksje fan de foto’s dy’t Rosa makke fan de workshops (troch Tsead, Zea en Lies mei de bewenners) en de einpresintaasje:

Lês de teksten dy’t Tsead en Lies skreaunen oer de bewenners:

Sjoch nei in part fan de foto’s dy’t Rossa makke as portret fan frou Minke Posthuma-Wiersma:

Rosa: “Minke Posthuma-Wiersma, berne yn 1945, hat yn har libben in protte wurke en fersoarge har man dy’t siik wurden wie. Wat se eartiids it leafst die, wie bûten boartsje, op moaie simmerjûnen mei de hiele buert. Blikspuit, wat we eartiids balskoppen neamden, en dan de bêste skûlplakken fine. Of in hinkelbaan fan kryt meitsje op ‘e stoepe en dêr de hiele dei mei dwaande wêze. Sa giene frou Posthuma-Wiersma en ik dy middei tegearre te boartsjen. Se woe ek leare hoe’t se sels te fotografearjen. Se hâldt tige fan de natuer en se blykte in hiel goed each te hawwen om dat fêst te lizzen.”

Guon foto’s dy’t frou Posthuma-Wiersma sels makke: