Portretten Mienskipssintrum Leppehiem - Leeuwarden City of Literature

Op 11 en 12 oktober wiene Tsead Bruinja, muzikant Zea en fotografe Rosa van Ederen mei gastdichter Nyk de Vries op besite by Mienskipssintrum Leppehiem yn Akkrum. Sy makken persoanlike portretten mei en foar de hear Rinsma en de froulju Van Dijk-Lemstra, De Zee-de Ruiter en Sniegowicz-Willemsen.

Tsead oer de besite oan Leppehiem: “Ik koe yn Akkrum fuortendaliks troch nei it klaaihokje fan it swimbad, want Wokke hie har wyklikse swimmuorke. It wie de earste kear dat de kennismakking foar Portretten yn Poëzy plakfûn yn swimbroek! De ûntfangst wie wer tige gastfrij. Neamweardich wie it útsje nei de âlde hifisaak fan meneer Rinsma yn Lippenhuzen. As muzykleafhawwer en amateuraudiofyl waarden my de earen fiks wosken troch Rinsma, dy’t eartiids op audiobeurzen ek al freesd waard om syn krityske blik en skerpe fragen.”

Besjoch de webside fan Wokke de Zee-de Ruiter en it artikel dat akkrum.net skreau oer Portretten in Poëzie yn Leppehiem.

Belústerje it liet ‘Dat komt troch it libben’ dat Zea skreau en komponearre oer bewenster Janke van Dijk-Lemstra:

Besjoch in seleksje fan de foto’s dy’t Rosa van de workshops (troch Tsead, Zea en Nyk mei bewenners) en de einpresintaasje makke:

Lês de gedichten dy’t Tsead en Nyk skreaunen oer de bewenners::

Belústerje it liet foar Jo op muzyk (troch Nyk de Vries):

Besjoch in part fan de foto’s dy’t Rosa makke as portret fan de hear Jan Rinsma:

Rosa: “Meneer Rinsma hat mear as 50 jier in hifi-spesjaalsaak hân yn Lippenhuzen. En neat gjin Philips of Sony, mar echt heechweardige apparatuer. Hy hat in grutte passy foar it sa optimaal mooglik beharkjen fan muzyk, wat spitigernôch yn syn nije hûs yn Leppehiem er net ynstallearre krige. Mar alle wiken praat er mei freonen ôf by syn âlde winkel dêr’t noch it ien en oar oan apparatuer stiet, ûnder oare yn in spesjale harkkeamer. En dy harkkeamer woe ik graach fan tichteby sjen. Der waard in plaat fan Sade opset. Meneer Rinsma gong sitten, die efkes de eagen ticht en genoat.”