Portretten Woonzorgcentrum Haersmahiem  - Leeuwarden City of Literature

Op 25 en 26 oktober wienen dichter Tsead Bruinja, muzikant Zea en fotografe Rosa van Ederen mei gastdichter Hélène Gelèns op besite yn Woonzorgcentrum Haersmahiem yn Bûtenpost. Se makken persoanlike portretten mei en foar de froulju De Jong, Van der Veen-Bottema en Elsenga en foar de hear Dotinga.

Tsead oer de besite oan Haersmahiem: “Neist de oranjekoek wie der noch in ferrassing by de kofje yn Bûtenpost; ien fan de bewenners dêr’t we mei wurkje soenen wie nammentlik de bekende Fryske dichter Jan Dotinga. Dy hoechden we net mear oan it skriuwen te setten. Yn syn boekekast stie in grutte rige publisearre wurk dêr’t hy by de presintaasje rom út foardroech. In oare ferrassing wie de skilderworkshop dêr’t twa oare bewenners dyselde moarn oan dielnimme moasten. Geduldich binne Arnold en ik oanskowd as publyk. De oantekeningen dy’t ik makke fan de tekenopdrachten kamen letter by it skriuwen foar frou De Jong noch goed fan pas. Yn de fotosearje fan Rosa stie frou Elsenga sintraal. Sy woe graach nei it grêf fan har man en harren berntsje dat jong ferstoarn wie. Op dat grêf is sûnt koart in nije stien pleatst dy’t folle makliker te ûnderhâlden is, ek in part fan it libben. En wat net ûnbeneamd bliuwe mei is de bynamme fan frou Neeltje van der Veen-Bottema. Har dochter fertelde dat Neeltje yn har doarp ek wol ‘dakhaas’ neamd waard. Dy bynamme krige se om’t se der as famke op in betide wintermoarn stiekem tuskenút pykt wie mei in freondinne, om yn it kâlde waar de Alvestêdetocht te riden. En noch altyd rint frou Van der Veen-Bottema as in ljip.”

Harkje nei it lied ‘Safolle dingen dêr’t de doarkes fan iepen kinne’ dat Zea skreau en komponearre oer bewenster Neeltje van der Veen-Bottema:

Besjoch in seleksje fan de foto’s dy’t Rosa fan de workshops (troch Tsead, Zea en Hélène mei bewenners) en de einpresintaasje makke:

Lês de gedichten dy’t Tsead en Hélène skreaunen oer de bewenners:

Besjoch in seleksje fan de foto’s dy’t Rosa makke as portret fan frou Elsenga:

Rosa: “Als de boten op het droge in wintertijd, ondersteund door schragen om staande te blijven, neemt mevrouw Elsenga ons mee door de herinneringen van haar leven in haar geliefde Warten. Herinneringen aan geluk en verdriet die ze deelde met haar man. Hij was visser en graag op het water, met name als het slecht weer was.”