Portretten Fidesta Stienzerhiem - Leeuwarden City of Literature

Op 15 en 16 novimber wiene Tsead Bruinja, muzikant Zea en fotograaf Rosa van Ederen mei gastskriuwer Hein Jaap Hilarides yn Fidesta Stienzerhiem yn Stiens. Se makken persoanlike portretten mei en foar de dames Vis-Visser, Brouwer-Stamhuis en Roorda-Bruinsma en de hearen Idsardi en Hoveijn (in bonusportret).

Tsead: “Nei ús eardere besites oan gruttere fersoargingshuzen op ‘e Lemmer, yn Bûtenpost, Akkrum en Sint Anne wie it lytsskalige Stienzerhiem in nije en yntimere ûnderfining. It personiel, de bewenners dy’t net meidienen oan it projekt en de keunstners moasten wol oan inoar wenne, mar al rillegau makken wy diel út fan de noflike húslike sfear dêr’t soarchûndernimmer Petra Dol en har kollega’s foar soargje. De bewenners dy’t yn de wenkeamer rûnen, yn stee fan in grutte kantine, praatten krekt wat flugger. Dêrtroch skreau ik in ekstra gedicht oer de pensjonearre luchtmachtsersjant en âld-amateurbokser Frits Hoveijn. Nei syn pensjoen lei Hoveijn him ta op it lot fan flechtlingen dy’t net yn ús lân bliuwe mochten. In protte saken hawwe troch syn ynspanningen in oare útkomst krigen. Ymposant. Dêrnjonken wienen der de ferhalen fan frou Vis-Visser, dy’t tsjin de dûmny sei dat der neat sûndichs wie oan dûnsjen, en frou Roorda-Bruinsma, dy’t in protte fertelde oer al it âlde guod yn de fitrinekast, dat sy en Rosa begûnen ôf te stofjen. De eigensinnige frou Brouwer-Stamhuis praatte op har keamer mei Hein Jaap Hilarides, wêrnei’t se de twadde dei mei in reade pinne troch syn tekst gie. Twa moarnsskoften siet ik yn ‘e loaie stoel by de hear Idsardi, dy’t mei syn twaennjoggentich jier syn frou fersoarget. Hy fertelde hoe’t er it fan in bakkersfeint yn Kollum mei allinnich de basisskoalle ta resjersjeur by de plysje yn Ljouwert skopte. En hoe’t er twaenfjirtich jier wenne hie yn in hûs dêr’t de minsken ynearsten fan seinen dat er it net betelje koe. Stienzerhiem hat ús in protte leard oer selsstannigens en oer wurk en libben nei it pensjoen. Dat sille wy net gau ferjitte!”

Harkje nei it liet ‘In famke op ‘e dyk by Longerhou’ dat Zea skreau en komponearre oer bewenster Ali Vis-Visser:

Sjoch nei in seleksje fan de foto’s dy’t Rosa fan de workshops (troch Tsead, Zea en Hein Jaap mei de bewenners) en de einpresintaasje makke:

Lês de teksten dy’t Tsead en Hein Jaap skreaune oer de bewenners:

Sjoch nei in part fan de foto’s dy’t Rosa makke as portret fan frou Neeltje Roorda-Bruinsma:

Rosa: “Vanuit Britsum verhuisde mevrouw Neeltje Roorda-Bruinsma naar een gezellig plein in Stiens, bij het voormalig gemeentehuis. Heel lang heeft ze er niet kunnen wonen, want haar man overleed en alleen werd het steeds lastiger. Daarom kwam ze in Stienzerhiem wonen, wat haar destijds wel een beetje boos maakte: ‘ik heb woorden gebruikt die ik nu niet zal herhalen’. Wat zij meenam van haar oude huis was een vitrinekast vol herinneringen; een kast die niet altijd wordt bijgehouden als het om afstoffen gaat. Zo ontstond het idee om samen deze kast met al zijn herinneringen af te stoffen. Een bord van oma, een souvenir van een kleinzoon, een schilderij dat zij samen met haar man kocht in Frankrijk: alles ging door onze handen. En ondertussen kletsten we over het leven, bekende ze haar twijfels over haar geloof, vroeg zij zich af of ze wel een goed mens was geweest voor anderen  en of ze straks niet meer zou gaan vergeten… Het kopje van Bernard en Julia (‘Bernard heeft Julia veel verdriet gedaan, dat hoort niet’), het lijstje van haar ouders op hun trouwdag, daar nog hand in hand (haar vader hield het uiteindelijk met de buurvrouw, ook dat hoort niet). Het waren hele mooie gesprekken en de kast werd extra goed afgestoft omdat mevrouw Roorda een beetje was vergeten dat ik de bovenste plank al had gedaan.”