Portretten Woonzorgcentrum Suderigge - Leeuwarden City of Literature

Op 6 en 7 septimber wiene dichter Tsead Bruinja, muzikant Zea en fotografe Rosa van Ederen mei gastdichter Alara Adilow op besite by Woonzorgcentrum Suderigge op De Lemmer. Se makken mei en foar de manlju Van Halen en Hosper en de froulju Wouda en Bos persoanlike portretten.

Tsead oer de besite oan Suderigge: “Earst wiene wy bot ûnder de yndruk fan hoe freonlik oft it personiel mei de bewenners omgie. Dy krigen echt alle oandacht. Twad wie de besite foar ús in prachtige les oer de skiednis fan de streek, oer it begjin fan de Noardeastpolder en it wurk dat dêr dien waard troch bygelyks boere-arbeiders en de minsken dy ‘t it wetterpeil yn de sleatten ynspektearjen kamen foar de Domeinen en de Wetterskippen. By de úteinlike presintaasje hawwe wy boppedat geniete fan ien fan de bewenners dy’t op akkordeon in soad âlde ferskes spile. De hiele seal song mei en holp him soms ek even op wei as er him in ferske net goed heuge koe.”

Belústerje it liet ‘Drummer in de liefde’ dat Zea skreau en komponearre oer bewenner Jan van Halen:

Besjoch in seleksje fan de foto’s dy’t Rosa van de workshops (troch Tsead, Zea en Alara mei bewenners) en de einpresintaasje makke:

Lês de gedichten dy’t Tsead en Alara skreaunen oer de bewenners:

Besjoch in part fan de foto’s dy’t Rosa makke as portret fan de hear Hosper: