Op 4 en 5 oktober wiene dichter Tsead Bruinja, muzikant Zea en fotografe Rosa van Ederen mei gastdichter Frank Keizer op besite by Zorgcentrum het Bildt yn Sint-Anne. Se makken mei en foar de froulju Balt-Brouwer en Van der Veen-Krol en de manlju Wassenaar en Teeling persoanlike portretten.
Tsead oer de besite: “It wie in spesjale edysje fan Portretten yn Poëzy mei famylje en âlde bekenden, wêrûnder de 100-jierrige beppe fan Frank Keizer en in âlde bekende fan Tsead.
Klaske van der Veen-Krol wie nammentlik eartiids, mei har man Oege en harren dochter Marianne, faak te finen by buorman Jerre oan de Heechfinne yn Rinsumageast. Dêr rieden se doedestiids mei de ponny en de wenwein hinne om dêr in pear nachten neist de boerestâl te bivakkearjen. Klaske en Tsead hiene inoar 40 jier net sjoen en hiene in soad om oer by te praten. Arnold wurke mei âld-marinier Rinze Wassenaar dy’t it nei in healsidige ferlamming slagge is om wer trompet spylje te kinnen. De hiele seal song mei Rinze mei by de ôfslutende presintaasje en genoat fan de prachtige foto’s dy’t Rosa makke, û.o. fan in bankje dat in spesjale betsjutting hat foar frou Balt-Brouwer. Dy stiet nammentlik op it plak dêr’t eartiids de pleats fan har mem stie. Doe’t de man fan frou Balt 23 jier lyn ferstoar, kaam se faak nei it bankje om oan him te tinken. De ûntfangst wie wer geweldich, ynklusyf de gehakbal, de pankoeken en de dûbelfla. Wy hawwe boppedat tige geniete fan de mingeling fan Frysk, Nederlânsk en Biltsk by ús besite.
Beharkje it liet ‘De wrâld fan ien hân’ dat Zea skreau en komponearre oer bewenner Rinze Wassenaar (1958-2023):
Besjoch in seleksje fan de foto’s dy’t Rosa fan de workshops (troch Tsead, Zea en Frank mei bewenners) en de einpresintaasje makke:
Lês de gedichten dy ‘t Tsead en Frank skreaune oer de bewenners:
Besjoch in part fan de foto’s dy’t Rosa makke as portret fan frou Baukje Balt-Brouwer: