Noflike lêskafees

Tiid foar in lêsdate

It is wer simmer! En wat is der no better foar je fakânsjegefoel as lêze op lokaasje, mei goede kofje/tee/limonade ûnder hânberik?
LETTER gie op date mei in boek en teste (kofje)kafees yn Fryslân

.

Tekst: Lieke van den Krommenacker

KNUS – Dokkum

Wat?
In, jawol, knusse kofjebar yn it sintrum, foar leafhawwers fan hip(hop). Operearret ûnder it mom ‘gjin keten, gjin massa’. Kompakt mar rom fan opset, dus net-oppropt lêze. Hoera!

Rom baan foar de goede stoel ek?
Der is sels in bank. En in pear lekkere stoffen fauteuils. No, dan hearst ús fan LETTER net kleien.

En, hoe smakket de kofje?
Dizze jonges servearje harren kofje en oar lekkers sûnder troep. Ofwol: bio-beannen út Amsterdam. Smeitsje yn it noarden noch better. Fan it chai-konsintraat (foar de mei-chai latte-drinkers), krigen wy sels alle – natuerlike – yngredeiïnten foarlêzen. As dat gjin service is.

Goed boek mei?
Absolút. Dreamland fan Rosa Rankin-Gee: dystopysk, Britsk en in alarmearjend stigende seespegel. Ekstra noflik om te lêzen yn drûch Dokkum.

Drûch lêze sûnder hip(hop), kin dat ek?
Even oerstekke dan. Tsjinoer KNUS leit De Waegh, in gemoedlik grand café.

.

By-Kees – It Hearrenfean

Wat?
‘Specialty coffee’ meets sûn iten. Dus ek hjir: sa min mooglik keunstmjittige yngrediïnten. Yn dit kafee is in soad hout, in soad ljocht, in soad plak en in soad hertlikheid.

Mar, hoe sit it?
Rjochtoplêzers kinne har hert ophelje op de houten stuollen, dy’t ek sûnder kessentsje behoarlik oangenaam sitte.

En hoe sit it mei de specialty coffee?
Dy komt (alwer) spesjaal út Amsterdam, de tee meastepart út eigen tún (!). Nettsjinsteande dat giene wy oerstaach foar de eigenmakke limonade. Pink Dragon, mei dragonfruit en passyfrucht.

Swiet boek derby?
Krekt. Hoewol. Perfekt bitterswiet en mankelyk: Hart de minaar fan Lily King. Hearlike, literêre college romance dy’t dy de tiid ferjitte lit.

Oei. Houten kont garandearre dus?
Gjin noed. Oan de oarekant swingst après-lês dyn stive spieren los yn bar-dancing De Swetser.

Fer – Ljouwert

Wat?
De specialty kofjebars hawwe ek Ljouwert net oerslein. Yn Fer fynst neist farsk baarnde Braziliaansje beannen en Japanske matcha ek bakkerslekkers, keunst en (fergees) vulva-stikkers op de baly.

Dat klinkt poerbêst – en in tikje drok
Kloppet, dizze bar leit lekker yn de loop. It paad foar ús as lêzers is: stevich rjochttroch marsjearje, linea recta nei twa alderhearlikst sachte stuollen. Flankearre troch in keamerplant, om it ôf te meitsjen.

Kofje, tee of matcha?
De LETTER-feinten dronken hjir bûtengewoan goede kofje, miskien wol de bêste fan Ljouwert.

Hokker boek smakket dêrby?
Chasing aliens – Daniel Lavelle. Australyske ûndersykssjoernalist, wenjend yn Ingelân, moetet alderhande ufo-afficionado’s yn Amearika.

Hmm, tikje fier socht wol?
Yn dat gefal riede wy De ufo’s fan Gorredijk fan Taede A. Smedes oan. Mei espresso fan El Cafetin yn Warkum.

.

Kofje – Ljouwert

Wat?
Dit is dyn wenkeamer away from dyn eigen wenkeamer. Lyts, noflik en lekker bûten de binnenstêdsdrokte. Op de kaart: farsk sette kofje, tee en hûsbakte soerdaai. En, oan de muorre: twa planken fol (goede!) boeken.

In lêskafee út it boekje sa te hearren.
Absolút. Op in houten ferheging is in echte lêshoeke ynrjochte, mei goede stuollen, grien yn de finsterbank en sels in lêslampke.

Ferjit de kofje net.
Uteraard. Al binne wy no pas echt ferslingere rekke oan de tee. Fan no ôf drinke wy allinnich noch mar Super Spice, mei sitroengers, swiethout en sjilypiper.

Boek fan de planke pakt?
Ja! De eenzaamheid van Sonia en Sunny fan Kiran Desai. In ymponearjend leafdesferhaal oer emigraasje, globalisearring en ûngelikens.

Wol in hiel dik boek, net?
Jout neat. Yn Kofje wolst de hiele dei sitten bliuwe.

Ynhâld

1

Redaksjoneel: Groeie yn in netwurk

Op dit stuit is Ljouwert in fêste wearde binnen it wrâldwide netwurk fan Cities of Literature. Wy dogge yn oparbeidzjen…

2

Op reis mei de reade skries

‘Ik bin in famke fan de greide, ik bin grut wurden mei ljippen en skriezen. It like my hiel nijsgjirrich…

3

Dûbelynterview mei twa skriuwsters

In skilderij as tiidmasine en in muorreskildering mei in ferhaal. LETTER praat mei Anne-Goaitske Breteler (1996) fan Moddergat en Lida…

4

Bepalende berneboeken

Wêrom’t folwoeksenen (wer) berneboeken lêze moatte Berne- en jeugdliteratuer wurdt noch faak behannele as in opstapke nei it ‘echte’ lêzen.…

5

Fjouwer portretten oer dy ûntwikkelje

In libben lang boartsje Wêr begjinst as skriuwer, en wannear bist eins ‘klear’? Kinst noch groeie yn taal ast al…

6

Strip

Yllustrator: Julia van der Bos

7

Ynterview Benny Lindelauf

‘Yn de kearn binne wy allegearre bern oer datum’ Tekst: Marc Knip | Foto’s: Guido Bosua Benny Lindelauf (Sittard, 1964)…

8

Essay: In samling leeftiden

By it opromjen fan in kastke kom ik in brosjuere út 2021 tsjin fan in opliedingsynstitút mei de titel: ‘Wêr…

9

Tsjin de stream yn

Neat is minskliker as derby hearre wolle. Binnen in groep falle fielt feilich. Ek in soad jongeren fan no sykje…

10

Koart ferhaal: Klappen krije

Zack wist net better as de see wie der. Krekt as de havenearm mei oan ’e ein de replika fan…

11

Noflike lêskafees

Tiid foar in lêsdate It is wer simmer! En wat is der no better foar je fakânsjegefoel as lêze op…

12

Fiif generaasjes dichters

Fan in web fan ferwachting oant de coolste leeftyd Al wurdt troch jonge minsken de heale minskheid útmakke foar ‘boomer’,…