Dûbelynterview mei twa skriuwsters

In skilderij as tiidmasine en in muorreskildering mei in ferhaal.

LETTER praat mei Anne-Goaitske Breteler (1996) fan Moddergat en Lida Dykstra (1961) fan De Knipe, twa skriuwsters fan twa ferskillende generaasjes. Lida Dykstra debutearre yn 1994 mei it Frysktalige berneboek Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid. Dat wie faaks net bard, as se yn 1992 net besletten hie om har baan as konservator by Museum Joure op te jaan en fulltime skriuwster te wurden.

Tekst: Tsjerk Bottema | Foto’s: Natalia Balanina

Lida: ‘Nei it ferstjerren fan ús heit doe’t ik yn ferwachting wie, frege ik my ôf: “Wat wol ik no echt?”. Ik die in kursus kreatyf skriuwen by Akky van der Veer. Oan ’e hân fan myn ferhalen waard al gau dúdlik dat berneliteratuer my it bêste lei. De wrâld fan it bern, it byldzjend tinken, de ferbylding – dêrby fielde ik my thús. Akky sei tsjin my: “Do moatst in boek skriuwe.” Dat like my in hiele opjefte ta – kin ik dat wol, in boek skriuwe?’ Yntusken hat se lykwols 118 (!) boektitels op har namme stean, dêr’t se in soad prizen foar krige, fan de Simke Kloostermanpriis oant de Gouden Griffel. ‘Hoe wie it,’ freget Anne-Goaitske, dy’t al fuortendaliks de rol fan ynterviewer fan my oernimt, ‘om as berneboekeskriuwster te begjinnen mei in opgroeiende dochter?’ ‘Myn dochter Ingeborg wie foar my in grutte boarne fan ynspiraasje,’ antwurdet Lida. ‘Har fantasij, har útspraken, de gekke aventoerkes dy’t se betocht of meimakke – dat levere in stream oan ideeën op. No’t se grut is, fernim ik wol dat dy konstante stream fan berne-ynspiraasje wat fuortfallen is.’

Anne-Goaitske, dy’t yn 2024 mem waard (har heit Gerrit Breteler ferstoar yn ’23), werkent dat: ‘Myn soantsje Gerrit-Durk en syn belibbingswrâld jouwe my ek ynspiraasje. Ik stean op in punt yn myn libben dat ik ferlet haw fan rêst. Ik wit op it stuit eins net sa goed hokker ferhalen ik skriuwe wol, oft dat fiksje of non-fiksje is, ferhalen foar bern, of oer myn famylje. Foar it earst fyn ik it eins hiel noflik om it net krekt te witten, mar gewoan te besjen wat der op myn paad komt, en dêr betrouwen yn te hawwen. Dat myn debút De traanjagers (2018) der kaam, is eins in tafallige gearrin fan omstannichheden. As sechstjinjierrige wurke ik yn kafee De Bûnte Bok yn Ljussens, mei in muorreskildering oer de Walfiskfeart, dy’t my fassinearre. Sadwaande gie myn profylwurkstik op de middelbere skoalle dêroer en oer de betsjutting fan dy muorreskildering. Doe’t ik letter antropology yn Amsterdam studearre, tocht ik oan de âlde foto’s fan de Walfiskfeart dy’t der noch leine en naam my foar dêr in fotoboek mei ûnderskriften fan te meitsjen. Dêrút ûntstie it boek.’ Lida betwivelet oft it allegearre tafal wie: ‘Der hiene wol hûndert oare minsken yn dat kafee wurkje kinnen, dy’t dy muorreskildering net opfallen wie. Datsto dyn antenne krekt dêr op rjochtest, dat is dyn kwaliteit.’

Breinroer

Beide skriuwe sawol yn it Frysk as it Nederlânsk. Anne-Goaitske: ‘By myn earste Frysktalige boek foar folwoeksenen fernaam ik hiel bot dat it Frysk my helpt om tichter by mysels te bliuwen. Ik skreau Oan ’e ein fan De Oere (2025) yn seis moannen. Oer De laatste dagen van de dorpsgek (2024) die ik seis jier. Dat wie folle mear in wrakseling. It ûnderwerp – geastlike sûnens – is al abstrakt, en dan skriuwst ek noch yn in taal dy’t net dyn memmetaal is. Myn Nederlânsk wurdt dan al gau wat argaysk. Dat docht net altyd fertuten foar de lêsberens. As ik persoanen pratend opfierde, kaam de sûplesse wer werom.’

Lida wol de taal yn har boeken net útklaaie omdat bern it oars net begripe soene: ‘As ik in wurd sels nea brûk, kin ik ek net ferwachtsje dat bern har dat eigen meitsje – dan ferdwynt it gewoan. Dat jildt foar elke taal. Krekt dêrom skrik ik der net foar werom om wat dregere wurden te brûken. Ek net yn myn boeken foar jonge bern, lykas de Gouden Boekjes oer Sipke. In wurd as breinroer brûk ik dan gewoan. It mei bêst in útdaging wêze, “lit ús dat ris oan pake freegje”. It giet my om rike taal, mei alliteraasje, ritme, en teksten dy’t sjonge.’

By Lida har boeken is de tekst der altyd earst. Hoe’t it der úteinlik út komt te sjen, hinget ôf fan it soarte boek en fan ’e gearwurking mei de yllustrator: ‘Guon yllustratoaren fine it hiel noflik om te brainstoarmjen, oaren meitsje earst sketsen, sadat ik har ideeën sjen kin. Mei Djenné Fila wurkje ik op in hiel natuerlike wize gear. Se wurket hiel autonoom, bringt har eigen ynterpretaasje yn, wat it ferhaal noch riker makket. Bysûndere foto’s dy’t ik tsjinkom by myn ûndersyk sammelje ik en as de earste ferzje fan it ferhaal klear is, diel ik dy bylden mei har, sadat se de sfear fan it boek better fange kin. Sa ûntstiet der in djippere laach.’ Sa ek by De wonderverteller (2024). In moai foarbyld is neffens Lida in yllustraasje oan de ein fan it boek fan Topina, dy’t op reis giet yn in gondel. Yn har skaad sjochst Marco Polo.

Tiidmasjine

‘Op it stuit ferdjipje ik my yn santjinde-iuwske skilderijen foar in nij berneboek, oer Cornelia, de dochter fan Rembrandt. Yn dy skilderijen sit safolle: it strjitbyld, in swalkhûn. Ik krij der it gefoel fan dat ik yn in tiidmasine stap. It giet my om it deistich libben fan doe – wat foar klean droegen minsken, wat ieten se, hoe seagen harren dagen derút?’

Anne-Goatske stribbet dernei om literêre non-fiksje te skriuwen: ‘Reve sei al: “Echt gebeurd, is geen excuus.” Ik stel mysels altyd de fraach: wat is te moai om wier te wêzen, mar wol echt bard, en wat moatst sels tafoegje om it smaaklik te meitsjen? Foar myn boeken nim ik in soad ynterviews ôf,’ fertelt se, ‘sechstich prosint is oral history. Op dy mominten, as ik by minsken oan tafel sit, komme de juwieltsjes nei boppen. As ik oan it skriuwen bin, kom ik de losse eintsjes tsjin. Ik gean fier om dy oaninoar te knoopjen.’

‘Hoe dochst dat,’ freget Lida, ‘as de neibesteanden noch libje?’ Anne-Goaitske: ‘Ik moat my hoeden opstelle yn it skriuwen, omdat it allegearre hiel gefoelich leit. By De laatste dagen van de dorpsgek koe in bepaalde formulearring foar de neibesteanden genôch wêze om in hiele passaazje skrasse te wollen.’

Ek by Lida komt it krekt: ‘By histoaryske ûnderwerpen fyn ik it hiel wichtich om de werklikheid en de feiten te respektearjen. Dy binne sa’t se binne, en hoewol’t it de plot net altyd te goede komt, kies ik der dochs foar om trou te bliuwen oan de skiednis. It moat doge: as in gebou der doe stie, moat dat ek sa yn it ferhaal weromkomme. Ik wol gjin kletskoek ferkeapje.’

Nije foarmen

Dochs slute beide net út om har yn de takomst noch ris op ûnbekendere paden te bejaan. Lida Dykstra skreau mei Ik, Anna (2009) al in histoaryske roman – foar folwoeksenen – en fan Anne-Goaitske Breteler kaam yn 2020 In nuvere nacht út, in histoarysk berneboek yn de geast fan Lida Dykstra. Anne-Goaitske is der it meast resolút yn: ‘Ik wol yn de takomst graach nije foarmen besykje. Troch mear yn it Frysk te skriuwen, poëzij faaks ek. Ik wol mear myn eigen kwetsberens opsykje; dat is in persoanlike útdaging, dy’t ik graach oangean wol.’ 

Foar har is it skriuwen ek in wize om mear oer harsels te learen: ‘Wêrom tink en doch ik sa’t ik doch? Wat is kultuer, en wat krijst mei yn dyn genen? As ik oare minsken befreegje en harren ferhalen ûndersykje, moat ik dat proses ek sels trochrinne.’

De laatste dagen van de dorpsgek begjint mei in prolooch en in haadstik oer har oeroerpake, de Fryske skriuwer Reinder Brolsma, dy’t him yn de oarloch wol oanmelde foar de troch de besetter ynstelde Kultuerkeamer en yn 1941 de nij ynstelde Harmen Sytstrapriis yn ûntfangst naam. Dat waard him nei de oarloch swier oanrekkene. It hie in grutte ynfloed op syn gemoed. Yn 1953 die er himsels tekoart. Anne-Goaitske: ‘Reinder Brolsma wie foar my de earste stap om wat fan mysels sjen te litten. It kaam fan twa kanten op my ta: ik woe wat mei skiednis fan de psychiatry, mar ik wist ek dat dit ferhaal der lei. It wie foar my de wize om sels te ûnderfinen wat it is om it taboe op geastlik net-sûn wêzen mei en yn myn eigen famylje besprekber te meitsjen.’

Rolmodel

Anne-Goaitske is ek podcast- en eksposysjemakker, en Lida wie Berneboeke-ambassadeur, is Schoolschrijver en jout út en troch skriuwkursussen. Is dat foar harren in needsaak? Anne-Goaitske: ‘It komt der mar krekt op oan wat de drager fan myn ferhaal is. Dat kin in boek wêze, mar it kin ek yn de foarm fan in podcast, of in eksposysje. Ik fyn it noflik om yn ferbining te stean mei myn lêzers; ik wol graach witte oft it goed lanet. Ik jou in foarset mei myn boek, en dêrnei komme der yn reaksje op it boek allegearre ferhalen by.’ 

Lida: ‘As berneboekeskriuwer is it foar my hiel nuttich is om yn skoalklassen te kommen, om te sjen wat der libbet ûnder bern. Ik wol yn it earste plak taalwille ferspriede, myn kennis trochjaan en oaren op wei helpe yn it fak. Yn dizze tiid moat lykwols net allinne it boek, mar ek de skriuwer ferkocht wurde. Wat is de skriuwer foar personaazje, komt dy wat aardich út ’e wurden? Ik fyn datsto dat hiel goed dochst, Anne-Goaitske. Ik haw dy ferskate kearen mei in goed ferhaal op telefyzje foarby kommen sjoen, krigest de Fryske frou yn de Media Award. Ast in goed ferhaal hast, kinst in foarbyld wêze. Datst ek in suksesfolle skriuwster wêze kinst ast yn Fryslân wennest, dêr wol ik my sterk foar meitsje, dat bern út it Noarden witte: wy hawwe kânsen.’

‘Ik wol graach mear yn it Frysk skriuwe,’ bekent Anne-Goaitske. ‘Oaren sizze tsjin my, dan wurdst nea echt suksesfol, moatst útbrekke. Mar dan tink ik by mysels, it slagget dy ek! It kin wol! Foar my bisto ek in rolmodel, Lida.’ 

Ynhâld

1

Redaksjoneel: Groeie yn in netwurk

Op dit stuit is Ljouwert in fêste wearde binnen it wrâldwide netwurk fan Cities of Literature. Wy dogge yn oparbeidzjen…

2

Op reis mei de reade skries

‘Ik bin in famke fan de greide, ik bin grut wurden mei ljippen en skriezen. It like my hiel nijsgjirrich…

3

Dûbelynterview mei twa skriuwsters

In skilderij as tiidmasine en in muorreskildering mei in ferhaal. LETTER praat mei Anne-Goaitske Breteler (1996) fan Moddergat en Lida…

4

Bepalende berneboeken

Wêrom’t folwoeksenen (wer) berneboeken lêze moatte Berne- en jeugdliteratuer wurdt noch faak behannele as in opstapke nei it ‘echte’ lêzen.…

5

Fjouwer portretten oer dy ûntwikkelje

In libben lang boartsje Wêr begjinst as skriuwer, en wannear bist eins ‘klear’? Kinst noch groeie yn taal ast al…

6

Strip

Yllustrator: Julia van der Bos

7

Ynterview Benny Lindelauf

‘Yn de kearn binne wy allegearre bern oer datum’ Tekst: Marc Knip | Foto’s: Guido Bosua Benny Lindelauf (Sittard, 1964)…

8

Essay: In samling leeftiden

By it opromjen fan in kastke kom ik in brosjuere út 2021 tsjin fan in opliedingsynstitút mei de titel: ‘Wêr…

9

Tsjin de stream yn

Neat is minskliker as derby hearre wolle. Binnen in groep falle fielt feilich. Ek in soad jongeren fan no sykje…

10

Koart ferhaal: Klappen krije

Zack wist net better as de see wie der. Krekt as de havenearm mei oan ’e ein de replika fan…

11

Noflike lêskafees

Tiid foar in lêsdate It is wer simmer! En wat is der no better foar je fakânsjegefoel as lêze op…

12

Fiif generaasjes dichters

Fan in web fan ferwachting oant de coolste leeftyd Al wurdt troch jonge minsken de heale minskheid útmakke foar ‘boomer’,…