Op tongersdei 26 maart kamen sa’n 80 minsken út it literêre fjild yn Fryslân byinoar yn Neushoorn (Ljouwert) foar de fjirde edysje fan Lettertreffen. It tema wie dizze kear ‘Uitgeven. Uit of in?’. We sjogge graach werom mei foto’s makke troch Lucas Kemper.
De middei wie hiel noflik en ynformatyf. Dat hearden we ek fan besikers en sprekkers. Graach krije we mear feedback fan dy as besiker, foaral om’t we de folgjende – fiifde – edysje noch wat grutter oanpakke wolle. By de presintaasje fan Tryntsje van der Steege oer wat Leeuwarden UNESCO City of Literature (CoL) al die en docht, waarden CoL-sprekoeren oankundige. Ynkoarten wurde de eksakte data, tiden en lokaasjes bekend makke op dizze webside. Kinst dy ek oanmelde foar in seintsje oer de mail.
Under de foto’s lêze je it wiidweidige ferslach fan de middei, skreaun troch Hedwig Terpstra.





























Foto’s: Lucas Kemper
Wolkom en ynlieding
Presintatator Esmé van den Boom hjit elkenien wolkom by de fjirde edysje fan it Lettertreffen yn Neushoorn. Se stelt har koart foar. Esmé is skriuwer, kolleksjespesjalist by Forum Grins en programmamakker. Lettertreffen is it jierlikse netwurkevenemint foar de Fryske literêre sektor, organisearre troch Ljouwert City of Literature. Dit jier stiet Lettertreffen yn it teken fan útjaan. De hiele wrâld feroaret yn rap tempo en dat betsjut de literêre sektor ek. Dêrom wurdt hjoed sjoen nei alle mooglike manieren fan it útjaan fan ferhalen, âlde en nije styl. Ferhalen fynt men tsjintwurdich net inkeld yn boeken, mar ek op Spotify of mei in QR-koade yn ’e stoepe. Esmé freget wat de ferwachtingen fan oanwêzigen binne.
Gea Bakker jout oan dat se yn 2023 ien gedichtebondel yn eigen behear útbrocht hat. Se is benijd wêr’t se har boeken útjaan kin. Der binne neffens har in protte mooglikheden dy’t in skriuwer noch net ken as dy krekt begûn is. Se is ek benijd nei subsydzjemooglikheden by it útjaan.
Werom- en foarútblik City of Literature
Tryntsje van der Steege, projektkoördinator fan City of Literature, jout in yntroduksje oan ’e hân fan in presintaasje. Se sjocht werom op it projekt Lyts Gelok yn it Arcadiajier 2025. City of Literature hat in hûndert dagen duorjend literêr programma ûntwikkele, mei hûndert literêre teksten op hûndert ferskillende manieren publisearre. Sjoch ek: de weromblik en alle teksten op kleingeluk.frl. En se neamt it projekt Utsteld Gelok út 2022. De ferhalen steane op ’e webside uitgesteldgeluk.nl en op Spotify.
Nei 6,5 jier yn it netwurk fan UNESCO Cities of Literature is te fernimmen dat dêr stabilere relaasjes en hiele moaie gearwurkingen út ûnsteane. Lykas it moaie projekt dat no tegearre mei Melbourne yn Australië dien wurdt: De flecht fan de reade skries. Dat is in online projekt dêr’t fjouwer skriuwers út Fryslân en fjouwer skriuwers út Melbourne oan meidogge.
Underwilens is der ek in goede relaasje mei Barcelona City of Literature. Patrícia Soley-Beltran wie ferline jier út Barcelona yn Ljouwert op residinsje en sy wie keppele oan skriuwster Baukje Zijlstra. Baukje sil aanst yn april as writer in residence nei Barcelona. Tialda Hoogeveen sil yn maaie ek as writer in residence nei Barcelona, sy is selektearre út skriuwers dy’t op in iepen oprop reagearre hawwe.
By de Skriuwersfakskoalle kinne minsken har ûntwikkelje as skriuwer. De koördinaasje fan de mearjierrige fakoplieding oan de Skriuwersfakskoalle wurdt dien troch Linda Tijsma fan Tresoar.
Ljouwert City of Literature sil fierder dit jier, yn maaie en oktober, in sprekoere organisearje foar skriuwers en organisaasjes dêr’t se mei allerhande literêre fragen terjochte kinne, bygelyks oer subsydzjes en útjaan, mar ek oer opliedingen, útwikselingen of moaie ideeën of oare projekten dêr’t ferlet fan is.
Ljouwert City of Literature jout fan ’t simmer wer it tydskrift LETTER út. En besjocht mei de Culturele Apotheek hokker projekten foar en mei jongeren organisearre wurde kinne.
– Op sneon 23 maaie 2026 fan 14.00 oant 15.30 oere wurdt Page Against the Machine yn gearwurking mei de Silent Book Club Fryslân organisearre.
– De Gjalp is wer los: Tydskriften de Moanne, Ensafh en Dichterskollektyf Rixt dogge in iepen oprop foar poëzij of in literêre festivalproduksje oer it tema It Waad.
– Op snein 16 augustus 2026 fan 14.00 oant 16.00 oere is der in iepenbiere startgearkomste fan de Skriuwersfakskoalle, mei foardrachten fan studinten, yn it Tripgemaal yn Gersleat.
Tryntsje ropt de oanwêzigen op om aktiviteiten, wedstriden, gearkomsten e.d. te dielen mei CoL, sadat it yn de online aginda komt te stean en fia nijsbrief en sosjale media dield wurde kin.
Paneldiskusje û.l.f. Esmé van den Boom oer (it nije) útjaan
It panel besteande út Tsjerk Bottema (einredakteur de Moanne), Lolies van Grunsven (literêr agint), Tomias Keno (skriuwer en singer-songwriter) en Marleen Nagtegaal (artistyk direkteur Explore the North) praat oer trije tema’s: it fjild anno no, de makker en syn mooglikheden en de takomst fan it fjild.
Esmé freget oan Lolies wat in skriuwer dwaan moat as er in boek skriuwe wol en trije haadstikken klear hat. Hoe giet de wei fan ferhaal nei publikaasje no yn ’e tradisjonele útjouwerswrâld?
Lolies fertelt dat se benammen yn Amsterdam wurket, dêr’t de measte literêre útjouwers sitte. By non-fiksje hat se genôch oan de earste trije haadstikken, mar by fiksje wol se it hiele boek lêze, want in ferhaal kin goed begjinne, mar letter kin bliken dwaan dat it idee net út te wurkjen is. As se potinsje sjocht yn in ferhaal, dan wurket se krekt sa lang mei de skriuwer oan it boek oant it yn grutte halen klear is. En dan sjocht se welk fûns en welke redakteur it bêste by de auteur past. Dan biedt se it wurk oan by in stik of fiif, seis útjouwerijen, dêr’t se tinkt dat it boek kâns makket. Lolies wurket mei kontrakten, dêr’t yn stiet dat se in ynspanningsferplichting hat, mar net garandearje kin dat it slagget om it boek út te jaan. Meastal slagget it wol. Oare manieren om by in útjouwerij binnen te kommen binne: ynstjoere nei literêre tydskriften, foardrage op literêre byienkomsten, publisearje op in online platfoarm foar skriuwers, lykas Papieren Helden. It is fan belang om oan de sichtberens te wurkjen. Soms giet it fia fia.
Esmé freget oan Tomias hoe’t hy as auteur dit proses trochrûn hat.
Tomias fertelt dat er wurk publisearre hat yn in literêr tydskrift en doe troch útjouwers benadere is. Hy hat frij gau by syn útjouwer Signatuur oanjûn dat er in multydissiplinêr projekt meitsje woe. Dêr waard posityf op reagearre. Hy hat it idee dat multydissiplinêr tinken bûten it boek no en yn ’e ôfrûne jierren as yts posityfs sjoen wurdt. Hjirfoar wurke er yn ’e popmuzyk, hy is komponist en is oplaat as teätermakker. Hy soe graach in ferhaal fertelle wolle dat wurket yn ferskillende foarmen. Yn it gefal fan Astronaut in popalbum, in roman en in podcast. By marketingôfdielingen fan útjouwerijen wurde dingen al jierren op deselde manier dien. By de produksje fan it boek hat er in protte brainstoarmsesjes mei de útjouwer hân. Hy tinkt dat de ferskillende foarmen inoar just fersterke hawwe. De podcast is eins it measte populêre fan de trije media wurden.
Esmé merkt op dat tydskrift de Moanne as papieren blêd en op ynternet ferskynt. Se freget oan Tsjerk hoe’t de redaksje fan de Moanne dêrmei omgiet.
Tsjerk jout oan dat it twa neistinoar en op harsels steande media binne. Online ferskine oare dingen as yn it tydskrift, mar beide kanalen kinne inoar goed fersterkje. Yn 2015 kaam de Moanne folle faker op papier út, mar it publisearjen op papier is yn ’e ôfrûne jierren yn ferhâlding djoerder wurden. De online oanwêzigens fan de Moanne wie yn 2015 folle minder grut, der waard mear nei it tydskrift ferwiisd. No wurde stikken dy’t urginter binne, bygelyks oer teäterfoarstellingen dy’t yn premjêre geane, online publisearre. It blêd de Moanne dat fjouwer kear yn it jier útkomt, moat nijsgjirrich bliuwe om te lêzen en is in tydleazer medium wurden. Yn de Moanne op papier stiet in protte poëzij en koarter proaza. In skriuwer soe it tydskrift meinimme kinne nei in útjouwer om sjen te litten wat fan him publisearre is. Wat dat oangiet hat de Moanne in wichtige kweekfiverfunksje foar skriuwers yn Fryslân. Foar de sichtberens is it in goed idee foar in skriuwer om in kombinaasje te meitsjen mei foardracht op in poadium.
Esmé merkt op dat by Explore the North in protte literatuer op it poadium brocht wurdt.
Marleen jout oan dat der in protte ferskillende makkers en skriuwers by de organisaasje komme. Foar Tomias wurkje de trije pylders: popalbum, roman en podcast, mar dat is foar elkenien oars. Explore the North is in festival, mar ek in produksjehûs. It fjild is breder wurden foar makkers en dat fynt se nijsgjirrich. Makkers kinne earst op oare mêden wat útprobearje foardat se eventueel in boek skriuwe. Der ûntsteane hieltyd mear gearwurkingen tusken útjouwers en oare organisaasjes, festivals en makkers en sa wurdt de kweekfiver hieltyd grutter en binne der hieltyd mear dingen mooglik, dy’t neistinoar stean kinne. In harkspul kin bygelyks op it poadium brocht wurde, mar ek yn in podcast en letter kin it eventueel útwurke wurde ta in ferhaal dat yn de Moanne komt. De sichtberens wurdt sa hieltyd grutter. Se fernimt dat it literêre fjild hieltyd mear sjocht nei wat der op it poadium bart om letter de stap te setten nei bygelyks in boek of in bondel, dêr’t dat earder faak oarsom gong.
Esmé jout gelegenheid ta it stellen fan fragen.
Daan Bultje, direkteur fan dbieb, merkt op dat by it gearstallen fan de kolleksjes de oanstriid is om nei de massa ta te bewegen en in protte populêre bestsellers op te nimmen. Mar as wat subtiler nei de data sjoen wurdt, soene ek de niches te finen wêze moatte. Hy freget oft binnen alle mooglikheden dy’t der binne om jinsels as skriuwer sichtber te meitsjen, ek just in beweging is om de niches, ferskillende typen boeken, te fersterkjen.
Lolies jout oan dat alle boeken fan bygelyks de lytsere, ûnôfhinklike útjouwerij Koppernik goed besprutsen wurde, omdat it stiengoede boeken binne. De helte fan dy boeken stiet yn de Bestseller 60. De niche is der en dy wurdt ek betsjinne. Van Oorschot jout noch altyd hiele moaie boeken út. Dy binne net foar de massa, mar se binne der en se binne sichtber. Har advys is om moaie literêre boeken yn ’e biblioteek te hâlden.
Esmé merkt op dat ek fan belang is hoe’t in boek presintearre wurdt. De niche is nedich foar de rykdom fan de boekesektor.
Skriuwer Willem Verf merkt op dat him opfalt yn de measte biblioteken dat Fryske boeken as aparte kategory delset wurde mei in pompebledsje derop. Hy soe graach wolle dat syn boeken by de romans steane.
Daan Bultje, direkteur fan dbieb, jout oan dat er foar de Fryske biblioteken ferantwurdlik is foar Frysk en meartaligens. Hy seit dat it foaral wichtich is om út te gean fan de memmetaal en net sasear fan it Frysk neffens de oare talen. Yn dat opsicht soe er it Frysk net beskôgje wolle as in aparte kategory, mar soe er dat leaver in natuerlik ûnderdiel wêze litte fan de totale kolleksje.
Tsjerk neamt de term translanguaging, dy’t yngiet tsjin de gedachte dat talen faninoar skieden wurde moatte. Bern nimme ferskillende memmetalen mei nei de klasse. By it skriuwen fan in toanielstik tinkt de skriuwer nei oer de taal dy’t in personaazje sprekt. Yn de Moanne wurde ek meartalige stikken opnommen.
Ernst Bruinsma, útjouwer by de Afûk, tinkt dat de makker it bepaalt. As makkers sizze dat se mear talen brûke wolle yn harren manuskripten of optredens, dan is dat in gegeven dêr’t men mei te dealen hat. By de Afûk binne al ferskate boeken útjûn dêr’t sawol it Frysk as it Nederlânsk yn brûkt wurdt.
Presintaasje Tomias Keno
Tomias Keno lit fragminten hearre fan de podcast, it harkboek en it popalbum fan it multydissiplinêre projekt Astronaut, dat er yn 2022 útbrocht hat. De trije dielen fan it projekt steane net los faninoar, mar spegelje en fiede inoar hieltyd. Sa ûntstiet net simpelwei in ferhaal yn trije ferskillende foarmen, mar ûntstiet in netwurk fan echo’s, ferskowingen en nije betsjuttingen.
Lêzing troch Niels ’t Hooft
Hybride skriuwer Niels ’t Hooft jout oan ’e hân fan in presintaasje (taheakke) in koarte lêzing oer syn wurk op it snijflak fan literatuer en technology. Niels is begûn as romanskriuwer, mar wie ek altyd ynteressearre yn techology. Hy hat in protte oer fideospullen skreaun, bygelyks foar kranten, en mei gamemakkers projekten dien, lykas RIVE fan Two Tribes yn 2019. Fia dat soart projekten is er ûndersiker wurden. Foar KVB Boekwerk hat er in scan fan digitale literatuer makke. As ûndersiker sjocht er nei ferskate projekten yn it ramt fan mediakonverginsje, dêr’t boeken, muzykdragers, film, tv, spullen en software yn byinoar komme. Eleminten fan al dy foarmen kinne byinoar brûkt wurde om nije dingen te meitsjen. Niels jout in oersjoch fan de projekten dy’t er dien hat. Antegods wie in senario foar in stripferhaal by in game dy’t ûntwikkele waard. De game is der nea kommen, de strip wol. Mei de VPRO hat in er de app Dustin ûntwikkele, oer in tûke stofsûger dy’t gjin nocht hie om syn wurk te dwaan. Radio Laika wie in podcast mei in searje nepdokumintêres.
Yn 2013 ferskynde syn lêste papieren roman, De Verdwijners. It wie foar it earst dat fan ien fan syn boeken in e-boek makke waard. De fjouwer personaazjes yn it boek hawwe elk har eigen karaktertrekken en Niels hat dat oanjûn mei persoanen yn fjouwer kleuren op it omkaft. Hy woe graach dat it boek mei kleurde fellen papier útjûn waard, sadat de lêzer sjen en fiele koe oer hokker personaazje it yn dat part fan it boek gie, mar de útjouwer joech oan dat dat net mooglik wie fanwege de hege kosten. By it e-boek tocht er dat by de personaazjes wol eftergrûnkleuren tapast wurde koene, mar dat bliek technysk net mooglik. De ûntwerper hie wol betocht dat de nammen fan de personaazjes oan it begjin fan elk haadstik yn kleur koene, mar spitigernôch binne de kleuren fan de personaazjes trochinoar helle.
Niels skreau de novelle Lotus dy’t er útbrocht as in iOS-app, op in hiele eksperimintele manier. It boek soe net op papier of yn in podcast útjûn wurde kinne, want der binne kleuren brûkt, der sitte animaasjes tusken de haadstikken en der sit lûd by. Der moat unike mjitwurksoftware foar skreaun wurde om dat dwaan te kinnen. It wie in hiel projekt, Niels hat der jierren mei dwaande west yn gearwurking mei in software/gamestudio, in byldzjend keunstner en in audiostudio. It ferhaal is yn it Nederlânsk skreaun en is oerset yn it Ingelsk. Yn de app kin wiksele wurde tusken de twa talen. Oare talen, lykas it Frysk, soene noch taheakke wurde kinne. Niels hat sels dwaande west mei produksje en distribúsje fan de app. Foar it e-boek moast earst betelle wurde, mar it is no fergees del te heljen.
Niels ûntwikkele Immer, in ynnovatyf systeem om digitaal lêzen oantrekliker te meitsjen. It ûndersyk dat er earder dien hat by de games hat er fuortset binnen syn bedriuw, dêr’t er no seis jier foltiids mei dwaande is. It ûndersyk docht er mei universiteiten en Stichting Lezen en dêrby wurdt sjoen hoe’t media brûkt wurde en wat der bart as men ynteraktearret mei in skerm, wat der yn ’e holle bart as men lêst en wat it ferskil is tusken lêzen op papier en digitaal. Syn bedriuw hat in basistechnology ûntwikkele dy’t tapasber is foar alle e-boeken, lykas it wurkjen mei porsjes tekst, de breakmarker: it symboal dat sjen lit dat der in nije paragraaf komt, en de boeknavigator: in stripe oan ’e sydkant fan it skerm dy’t de haadstikken sjen lit en hokker haadstik op dat momint lêzen wurdt. It is mooglik om op it skerm notysjes oer it boek te meitsjen en notysjes fan oare lêzers te lêzen en dêr op te reagearjen. Yn de Club Lees-app fan de VPRO is in ferzje fan dy techology ferwurke.
Op it stuit is syn bedriuw dwaande mei in Europeeske subsydzjeoanfraach. Yn dat projekt wurdt ark makke dêr’t auteurs en fisueel ûntwerpers mei wurkje kinne by it meitsjen fan in nij soart ferhalen dy’t allinnich op it skerm bestean kinne, en de distribúsje dêrfan.
Ofsluting, buorrel en boekemerk
Esmé betanket de sprekkers foar harren ynbring, it team van City of Literature foar de organisaasje, en alle minsken út de sektor foar de oanwêzigens. Nei it plenêre programma kin oant 18.00 oere neipraat wurde by de buorrel en sneupt wurde tusken boeken fan Fryske skriuwers op ’e boekemerk.