Ljouwert docht mei oan it Talking Cities Project, in ynternasjonaal skriuwprojekt (pen pal project) foar jonge skriuwers. Jonge kreativelingen tusken de 16 en 25 jier út fyftjin UNESCO Cities of Literature oer de hiele wrâld wurde oaninoar keppele om te skriuwen, te learen en ûnderfiningen út te wikseljen.
It projekt bringt it skreaune wurd werom fia echte brieven. Jonge skriuwers kinne korrespondearje mei leeftiidsgenoaten út stêden as Iowa City, Melbourne, Jakarta, Bremen, Quebec City en Exeter. Ast no leare wolst oer it libben yn in oare stêd of feedback wolst op dyn skriuwwurk: dit is dyn kâns om it netwurk fan Cities of Literature te brûken.
Oanmelde kin oant 29 april.
Mear ynformaasje & it oanmeldformulier fynst op de webside fan Nottingham City of Literature.