Skriuwer, oersetter en meartaligenskoördinator Baukje Zijlstra giet foar in skriuwresidinsje fan trije wiken nei Barcelona. Fan 10 april oant en mei 4 maaie wurket se yn de UNESCO City of Literature oan har nije boek mei de wurktitel Diggelfjoer / Alfabetysk labyrint.
Baukje: ‘Wat in foarrjocht om trije wike lang yn meartalige boekehaadstêd en suster-City of Literature Barcelona wurkje te meien oan it nije boek-yn-wurding mei de wurktitel Diggelfjoer / Alfabetysk labyrint. En dat dan ek noch yn in perioade dêr’t 23 april yn falt: Wrâldboekedei (en betinkingsdei fan Cervantes en Shakespeare) en Sant Jordi, in feest fan leafde en literatuer, roazen en boeken. Ik sjoch út nei in útwikseling fan ynspiraasje en kennis mei kollega-skriuwers en -boekefakkers.’
Oer it boek
Tegearre mei Pytrik Lautenbach en Pier Landman – har mei-skriuwer-ûndersikers út it artistyk ûndersyksprojekt If writing is the art / Il mondo reverso – besiket Zijlstra it libben en wurk fan dadapoëet en keunstner Hannah Tesselschade (ca. 1895 -1989) te rekonstruearjen.
Foar safier no bekend waard al Hannahs wurk makke en bewarre yn boekwinkel It Labyrint yn Langerhin yn it ynterbellum. Spitigernôch waard It Labyrint ferwoeste troch in grutte brân yn 2023, by de fiering fan it 150-jierrich bestean fan de winkel. Dêrmei gie it wurk fan Tesselschade ferlern. It trio besiket Hannahs wrâld te rekonstruearjen út ferhalen oer har libben, út oantinkens oan de wurken en artefakten dy’t yn 2021 by de ferbouwing fan de winkel fûn waarden, en út it libben en wurk fan fergelykbere froulike dadadaïsten.
Dit past goed yn de perioade en Dada-beweging dêr’t Hannah har wurk yn ûntstie. Dada wie ommers ek makke út de diggels fan in brutsen wrâld. En nettsjinsteande it nihilisme dêr’t Dada om bekend stiet, wiene daïsten tagelyk wanhopich op syk nei in nije wrâld, in nije taal, in nij ferhaal. De fraach is: wa hat de macht om minsken leauwe te litten hokker ferhalen wier binne en hokker net?
Oer Baukje Zijlstra
Baukje Zijlstra is skriuwer, oersetter en meartaligenskoördinator. Earder wurke sy as redakteur foar ûnder mear in archeologysk advysburo en ferskate útjouwerijen. Se hat ferhalen en artikelen publisearre yn ûnder oaren Ensafh, de Moanne en De Revisor, en hat ferskate prizen wûn foar sawol Fryske as Nederlânske ferhalen, wêrûnder trije kear in Rely Jorritsmapriis. Yn 2019 krige Baukje de D.A. Tammingapriis foar it bêste Frysktalige proazedebút fan de foarôfgeande fiif jier foar har roman De koma-korrektor, oer in befelwegerder yn ’e tiid fan de dekolonisaasjeoarloch yn Yndonesië. Yn 2020 en 2021 hat se it Boekewikegeskink oerset fan it Nederlânsk nei it Frysk, respektyflik Leon & Juliette fan Annejet van der Zijl en Wat wy seagen fan Hanna Bervoets. Yn 2022 studearre sy ôf oan de master Keunstedukaasje mei in artistyk ûndersyk nei skriuwen yn tuskentaal.
Foto: Natalia Balanina