De poëtyske fideoklip by it Frysktalige nûmer Komt ien oan fan ZEA is nominearre foar de New Talents Award fan it Poetry Film Tage festival yn Weimar (Dútslân). It ynternasjonale koartfilmfestival hat plak fan 4 oant en mei 6 juny.
ZEA (Arnold de Boer) wurke foar it nûmer gear mei drumband Hallelujah Makkum. It album In lichem fol beloften ferskynde ferline jier en krige loovjende resinsjes yn binnen- en bûtenlân. De BBC draaide it, en de Volkskrant joech de liveshow fiif stjerren.
De fideo is makke troch Nederlânsk striptekener en regisseur Guido van Driel. It is basearre op in gedicht fan Nelly Sachs, in Dútsk-Sweedske dichteres dy’t de Nobelpriis foar Literatuer wûn. It gedicht giet oer flechtlingen en gastfrijheid. Arnold de Boer sette it oer nei it Frysk en komponearre der muzyk by. De fideoklip brûkt âlde ansichtkaarten, klaaifigueren en boartersguodridders as yllustraasje.
Yn lichem fol beloften is in projekt fan ZEA, Makkum Records en Subroutine, yn gearwurking mei Explore the North en Popfabryk.