Tukums UNESCO City of Literature lansearret har earste ynternasjonale Writer-in-Residence Programme, op kastiel Jaunpils yn de regio Tukums yn Letlân. Skriuwers, dichters, toanielskriuwers, oersetters, senaristen, literatuerûndersikers, kritisy, literêre projektûntwikkelers en kreative tandems dy’t ferbûn binne oan Leeuwarden UNESCO City of Literature (yn Fryslân wenje) kinne har oanmelde.
De residinsje fynt plak yn oktober 2026 en selektearre dielnimmers wenje en wurkje twa oant fjouwer wiken op de lokaasje. De residinsje Jaunpils Rakstnieku pils sit yn de rêstige eastfleugel fan it kastiel. Der binne twa hiel komplete apparteminten, beide mei in eigen keuken en badkeamer, mei plak foar twa oant fjouwer makkers tagelyk.
It kastiel asemt sânhûndert jier skiednis. Hjir begûn ea de ferljochttinker en skriuwster Eliza von der Recke (1754-1833) har literêre karriêre. De rêst, de romme en sfearfolle romten en de omjouwing meitsje it ta in ynspirearjend plak om te wurkjen. Residinten hawwe dêrneist tagong ta in biblioteek en in spesjaal lunsjoanbod yn de midsiuwske herberch fan it kastiel.
Deadline foar oanmelding: 30 juny 2026.
Mear ynformaasje en de folsleine programmabeskriuwing.
It oanmeldformulier kinst hjir downloade.
Fragen oer de residinsje? Mail nei unescojaunpils@gmail.com.