Byldzjend keunstner en performer Erik de Boer, dy’t ek gemeentedichter fan Smellingerlân is, stiet dizze simmer op Oerol mei syn projekt De Fryske Oersonate. Op 16 juny is de premjêre yn it WestEnd Theater op West-Terschelling.
Erik de Boer fette foar it gearwurkingsprojekt de Gjalp it plan op om in Fryske ferzje fan de Ursonate te meitsjen. Dêrby wie syn doel om de klanken fan it orizjineel te ferbinen mei de klankrykdom fan it Frysk. Mei it winnen fan de Gjalp hat er dat stribjen no realisearje kinnen. It hat in plak yn de line-up fan Oerol opsmiten.
Yn de foarstelling kombinearret De Boer de performance mei in pastiche fan Fryske filmbylden, wêrmei’t er taal, byld en klank by elkoar komme lit yn in nije festivalproduksje. De Boer: ”It is in tige bysûnder proses om it te meitsjen. Sitst wol eefkes oan it wichtichste klankgedicht fan de wrâld te wurkjen. Dat soks it ljocht sjen sil op Oerol, makket it foar my wol ekstra bysûnder.”
De Fryske Oersonate
De Fryske Oersonate is basearre op de ferneamde Ursonate fan de Dútske dadaïst Kurt Schwitters. Dat klankgedicht út de jierren tweintich fan de foarige iuw bestiet út in rige klanken sûnder gewoane wurden, mar mei de struktuer fan in klassike sonate. Schwitters hie in bysûndere bân mei Fryslân: yn 1923 brocht er in besite oan Drachten, dêr’t er in optreden fersoarge op de ferneamde dada-jûn yn Hotel De Phoenix en wêr’t ek de bekende Dr8888-letters ûntstiene.
Dat De Fryske Oersonate op Oerol komt, is in moaie opstekker foar De Boer, én foar de Gjalp, mei in grut berrik en útstriering foar de Fryske literatuer. De Boer: “It is in erkenning foar dada dat de sjuery fan de Gjalp de urginsje en wearde ynseach fan it stypjen fan dit, foar in soad minsken dochs nuvere projekt.” De Fryske Oersonate giet op 16 juny yn premjêre op Oerol, en is dyselde jûns noch twa kear te hearren en te sjen. Ynformaasje oer tagong en tiden is te finen op oerol.nl.
Oer Erik de Boer
Erik de Boer (Drachten, 1991) is dadaïstysk wurker as byldzjend keunstner, teätermakker, komponist en dichter. Hy studearre artiestdrama oan it Friesland College, brocht twa poëzijbondels út, is gemeentedichter fan Smellingerlân en waard yn jannewaris 2026 twadde fan de 924 dielnimmers by de Poëziewedstrijd van Stad Oostende. Yn 2025 wûn er de Gjalp 2 (eigen literêre projekt mei film) mei syn Fryske Oersonate, basearre op de Ursonate fan de Dútske keunstner Kurt Schwitters.
Oer de Gjalp
De Gjalp is in gearwurkingsprojekt fan literêr tydskrift de Moanne, literêr tydskrift Ensafh en Frysk dichterskollektyf RIXT. Mei de Gjalp wolle de organisatoaren nije poadia kreëarje foar Frysk skriuwtalint en skriuwers in plak besykje te jaan op festivals dêr’t de Fryske literatuer noch net altyd fanselssprekkend oanwêzich is. De nije edysje fan de Gjalp is ein maart wer iepensteld foar ynstjoeringen fan Fryske skriuwers en dichters op it mêd fan poëzij en literêre festivalproduksjes. Ynstjoere kin oant en mei 10 maaie fia gjalp25@gmail.com. Alle ynformaasje is te finen op demoanne.nl/gjalp.