Bist skriuwer, útjouwer, of op in oare wize belutsen by literatuer yn Fryslân? Dan is Lettertreffen wat foar dy. Op tongersdei 26 maart organisearret Leeuwarden City of Literature de fjirde edysje fan dit jierlikse netwurkmomint. Dizze middei bringe wy de sektor byinoar: neist skriuwers en útjouwerijen, ek biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende organisaasjes. Wy diele ús plannen en minsken út it fjild komme oan it wurd. En fansels is der in soad tiid om inoar te moetsjen en te praten.

Utjaan. Ut of yn?

Dit jier stiet Lettertreffen yn it teken fan útjaan. De tradisjonele keten fan útjaan feroaret. Neist de bekende rûte fia útjouwerijen sjochst mear makkers harren eigen wei sykjen: selsstannich publisearje, ferhalen as podcast ferspriede, of eksperimintearje mei nije platfoarms. Wat betsjut dit foar skriuwers, lêzers, útjouwers, boekhannels en oaren yn de literêre sektor? Yn dizze edysje dûke wy yn (nije foarmen fan) it útjaan en besjogge wy it tema fan ferskate kanten.

Programma

Under lieding fan skriuwer/dichter Esmé van den Boom fynt der in paneldiskusje plak oer nije en fertroude wizen fan it útjaan fan literêr wurk. Panelleden binne: Marleen Nagtegaal (Explore the North), Lolies van Grunsven (literêr agint), Tsjerk Bottema (de Moanne) en Tomias Keno (skriuwer en singer-songwriter). Niels ‘t Hooft jout in lêzing. Dizze ‘hybride skriuwer’ bringt syn wurk ûnder mear yn de foarm fan boeken, games en apps. Hy ûntwikkelet nije wizen fan útjaan en is mei-oprjochter fan lêsapp start-up Immer.

Eigen boek útjûn?

Hast dyn eigen boek útjûn (yn hokker foarm dan ek)? By genôch oanmelding organisearje wy by de ôfslutende buorrel in lytse merk dêr’tst dyn boek presintearje en ferkeapje kinst. Wat foar dy? Jou by oanmelding oan datst meidwaan wolst, dan reservearje wy in plakje foar dy.

Tiden

14.30 oere: ynrin mei kofje/tee
15.00 oere: plenêr programma mei:
> werom- en foarútblik projekten Leeuwarden City of Literature   
> paneldiskusje o.l.f. Esmé van den Boom oer (it nije) útjaan
> lêzing troch Niels ’t Hooft
16.30 oere: borrel
18.00 oere: ein programma

Foto: Lucas Kemper