Om literatuer yn minderheidstalen en lytse talen yn Europa better ûnder de oandacht te bringen fan de nasjonale en ynternasjonale merk, en om in duorsum ynternasjonaal netwurk op te bouwen, wolle Ljouwert UNESCO City of Literature en Boeken fan Fryslân yn ‘e mande mei seis Europeeske partners strategyen ûntwikkelje. Dat dogge se yn it ynternasjonale LIT-UP-projekt. De earste gearkomste wie ein oktober 2022 yn Valencia.

LIT-UP rjochtet him op útjouwers, skriuwers en organisaasjes foar boekpromoasje, en stimulearret gearwurking, útwikseling fan kennis en profesjonalisearring. De oare partners yn it projekt binne organisaasjes út Kataloanië, Baskelân, Galisië, Servje, Sloveenje en Korsika.

Tryntsje van der Steege fan Ljouwert City of Literature is belutsen by LIT-UP: “Benammen de Basken en de Katalanen hawwe yn relatyf koarte tiid flink groei trochmakke yn it tal literêre wurken dat skreaun is yn harren taal en yn harren posysje op de ynternasjonale merk. Dêr kinne wy ​​in protte fan leare. En om’t Ljouwert in UNESCO City of Literature is, hawwe wy in unike posysje yn dit netwurk, dêr’t ek de oare partners fan profitearje kinne. Tegearre mei Boeken fan Fryslân bringe wy in protte ûnderfining op it mêd fan boek- en literatuerbefoardering, lykas mei de Dichter fan Fryslân, de Berneboekeambassadeur, de Taalkaravaan en it ferhaleprojekt Utsteld gelok.”

Op it festival yn Valencia binne workshops en trainingen organisearre foar de dielnimmende partnerorganisaasjes op it mêd fan boekpromoasje en it opsetten fan in Europeesk netwurk. De partijen komme geregeld byinoar om út te wikseljen wat literatuer yn lytse talen te bieden hat. De projektpartners nimme altyd in skriuwer en syn/har útjouwer mei om oan de gearkomsten mei te dwaan. By de earste moeting reizge skriuwster en takomstige berneboekeambassadeur Tialda Hoogeveen mei. De projektpartners komme yn de hjerst fan 2023 nei Fryslân.

LIT-UP, dat oant begjin 2025 rint, falt ûnder it programma Creative Europe en wurdt dêrom stipe troch de Europese Unie.