Dit foarjier kinst wer in nije training folgje binnen it ynternasjonale boekpromoasjeprojekt LIT-UP. It ûnderwerp fan dizze tredde online training is Foreign Rights Management, mei ûnder oaren live workshops fan saakkundigen, en ferskillende artikelen, videos en podcasts oer de praktyk fan fertaalrjochten.

Ek de eardere trainingen oer literêre promoasje op festivals, beurzen en oare kulturele aktiviteiten, en oer de praktyk fan nasjonale en ynternasjonale boekebeurzen binne noch hieltyd te folgjen. 

De Ingelsktalige trainingen binne bedoeld foar elkenien dy’t aktyf is yn it literêre fjild; benammen útjouwers, skriuwers, oersetters en redakteuren, mar ek boekferkeapers, bibliotekarissen en literatuerstudinten kinne der har foardiel mei dwaan.

It ynternasjonale projekt LIT-UP stimulearret gearwurking, kennisútwikseling en profesjonalisearring (ûntwikkeling fan feardichheden) op it mêd fan boekpromoasje yn minderheidstalen. It doel is om yn ‘e mande mei de seis oare Europeeske partners strategyen te ûntwikkeljen om de (konkurrinsje-)posysje fan literatuer yn minderheidstalen en lytse talen yn Europa op de nasjonale en ynternasjonale boekemerk te fersterkjen en ferstevigjen, en in duorsum ynternasjonaal netwurk op te bouwen.

Mear ynformaasje oer de trainingen fynst hjir, en ynskriuwe foar de nije training kin fia dit formulier.