Yn it ramt fan it Europeeske literatuerbefoarderingsprojekt LIT UP wurdt de kommende jierren in rige fergese online trainingen publisearre oer ferskillende aspekten fan (ynternasjonale) boekpromoasje.

De Ingelsktalige trainingen binne bedoeld foar elkenien dy’t aktyf is yn it literêre fjild; benammen útjouwers, skriuwers, oersetters en redakteuren, mar ek boekferkeapers, bibliotekarissen en literatuerstudinten kinne der har foardiel mei dwaan.

Yn de earste training, dy’t fan 1 maaie ôf te folgjen is op it digitale learplatfoarm Moodle, kinst kennis opdwaan oer de gong fan saken op boekebeurzen (nasjonaal en ynternasjonaal) en hoe’tst dy dêr op in goeie manier op tariede kinst, wat’st op sa’n evenemint berikke kinst en wat’st der nei ôfrin noch úthelje kinst; hoe’tst de opdiene kontakten omsette kinst yn it ferkeapjen of oankeapjen fan boeken.

De oare trije trainingen dy’t yn 2023, 2024 en 2025 beskikber komme, sille ûnder oaren gean oer hoe’tst effektyf te wurk gean kinst op literêre promoasjonele eveneminten as festivals, beurzen en oare kulturele aktiviteiten, en oer de praktyk fan oersetrjochten; hoe wurket it behearen fan en it ûnderhanneljen oer sokke rjochten no krekt?

Elke module kostet yn totaal sa’n 20 oeren, wêrby’t sawol live workshops en lêzingen jûn wurde, as oan selsstúdzje dien wurde moat. Dielnimmers kinne kieze hokker module(s) foar har it meast nijsgjirrich is/binne en dy los folgje.

Oanmelde foar de earste training kin fia dit formulier, dan krigest dêrnei in gebrûkersnamme en tagong ta de online learomjouwing en beskikbere materialen. Mear ynformaasje fynst op de website fan it LIT UP-projekt.

Foto: Unsplash – Irina Leoni