Mei skriuwers en útjouwers dy’t meidogge oan it Europeeske projekt LIT-UP wiene wy op literêr festival Meet Me at the Lighthouse op Skiermûntseach. Yn it projekt LIT-UP wurkje Boeken fan Fryslân en Ljouwert UNESCO City of Literature gear mei seis Europeeske partners om literatuer yn minderheidstalen yn Europa better ûnder de oandacht te bringen.
Op tongersdeitemiddei late útjouwer Eddy van der Noord ús rûn op it eilân. Op tongersdeitejûn trede skriuwer Ixiar Elizalde (Baskelân) op by de iepening fan it festival.
Op freedtemoarn late Mathijs Sanders, heechlearaar Moderne Nederlandse Letterkunde oan de Rijksuniversiteit fan Grins, twa ynspiraasjesesjes oer it útjaan en promoatsjen fan boeken yn minderheidstalen. Oan de ynspiraasjesesjes diene mei: Mireille Berman fan it Nederlands Letterenfonds, dichter en skriuwer Tsead Bruinja, Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen, skriuwer Anita Terpstra, dichter en skriuwer Nyk de Vries en Ernst Bruinsma fan Boeken fan Fryslân.
Op freedtemiddei presintearre Mathijs Sanders it programma Kleine Talen, in literêr programma oer de krêft fan de oerlevering. Ynternasjonale skriuwers Ixiar Elizalde (Baskelân), Pia Prezelj (Ljubljana) en Paco Inclán (Valencia) giene yn petear en droegen foar, krekt as Tsead Bruinja. Taalûndersiker Dyami Millarson fertelde oer it belang fan behâld fan talen dy ‘t driigje te ferdwinen.
Foto’s: Natalia Balanina