Tsien Ljouwerters hawwe mei dichters Arjan Hut en Marrit Jellema en kultuermakker Jochem Knoef assosjaasjes, oantinkens en ûnderfiningen fan nijkommers ferwurke yn nije teksten en muzyk, ynspirearre op it wurk fan de Perzyske dichter en filosoof Jalal ad-Din Rumi.

Hjirmei krije ynwenners dy ‘t fia de nije Wet Inburgering yn Ljouwert telâne kommen binne in waarm wolkom yn de stêd.

In projekt fan Stjoer en Ljouwert UNESCO City of Literature, foar it programma Over de drempel van de gemeente Leeuwarden.

Mear ynformaasje oer de presintaasje folget.

foto: Jeroen van de Bovenkamp